Tsjongerskâns
Tjongerschans
  sikehûs
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente It Hearrenfean (gemeente)
plak It Hearrenfean (plak)
adresThialfwei 44
koördinaten52°57′58″N 5°55′02″E
bysûnderheden
typealgemien sikehûs
streamingsekulier
diel fanSoarchpartners Fryslân
bêden238
wurknimmers1.400
skiednis
ferneamd neiskâns oan 'e Tsjonger út 1580
oprjochting1929
gebou
namme gebouDe Tsjongerskâns
boujier1929 (âldste diel)
2008 (nijste diel)
boustylmodern
offisjele webside
ww.tjongerschans.nl
kaart
Tsjongerskâns (It Hearrenfean)
Tsjongerskâns
Lokaasje op It Hearrenfean.

De Tsjongerskâns (Nederlânsk en offisjeel: Tjongerschans) is in middelgrut sikehûs op It Hearrenfean mei in regionale funksje.

Skiednis

Op 19 oktober 1929 waard it sikehûs oan de Thialfwei offisjeel yn gebrûk nomd. De kapasiteit wie 70 bêden. Op 22 febrewaris 1938 waard de nije eastlike fleugel mei 40 bêden iepene. Eigentlik wienen der oan ien tried wei troch útwreidings: in nij keukengebou (1954), berneôfdieling en ynterne ôfdieling (1956), röntgenôfdieling (1958), polyklinyk (1962).

Haadyngong fan it sikehûs

Yn de jierren 70 in nij behannelhûs, sadat de kapasiteit mei 90 bêden tanaam oant hast 400 bêden. Yn de jierren 80 folge nijbou fan in psychiatrysk-neurologyske ôfdieling en in polyklinysk sintrum. Yn de 21e iuw wie der noch in grutte nijbou dy't yn 2008 foltôge waard. Sûnt 1 jannewaris 2012 is de Tsjongerskâns ûnderdiel fan Zorgpartners Friesland en falt dêrom ûnder deselde memme-organisaasje as it Medysk Sintrum Ljouwert. [1]

Nammejouwing

Om 1300 hinne wie Aldskoat it sintrum fan in hjoeddeiske It Hearrenfean, der waard troch in Dútske Oarder in kleaster mei in hospitaalfunksje stifte. Koart nei de reformaasje fan 1580 waard dat kleaster ferfongen troch in skâns om it oerstekplak fan de Tsjonger te beskermjen tsjin de Spanjerts. Opfallend detail is dat It Hearrenfean doe noch Skoatteruterbuorren neamd waard, wat dúdlik oanjout hoe wichtich Aldskoat doe wie. De namme fan it hjoeddeiske sikehûs fan It Hearrenfean ferwiist nei dy ferdwûne gebouwen.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.