Tsjil is in stifting dy't him ynset foar de promoasje fan Frysktalige literatuer. De stifting waard yn desimber 2013 oprjochte troch ferskate skriuwers en leafhawwers fan literatuer.
Skiednis
Oan de oprjochting fan Tsjil gong it fannijs opsetten fan in eksperimintele sutelaksje op 9 novimber 2013 foarôf. De tradisjonele sutelaksje waard op 16 oktober 2009 foar 't lêst troch Stifting It Fryske Boek organisearre. De organisatoaren fan de eksperimintele sutelaksje fûnen dat in minne set fan de organisaasje omdat der gjin alternatyf promoasjemiddel kommen wie foar de sutelaksje. Troch in spontane aksje op Facebook kamen ferskate Fryske skriuwers en leafhawwers fan Fryske literatuer mei it plan om spontaanwei in sutelaksje op te setten yn 2013. Nei it súkses fan dy sutelaksje is letter dat jier de stifting Tsjil oprjochte.
Keppeling om utens
- De webside fan de Stifting Tsjil (deade link)