tsjiftsjaf | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Phylloscopus collybita | ||||||||||||
Vieillot, 1817 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De tsjiftsjaf (Phylloscopus collybita) is in algemien foarkommende sjongfûgel fan de famylje fan de bosksjongerfûgels (Phylloscopidae). Hy briedt in iepen boskgebieten fan de Noardlike en tuskenbeiden klimaatsônes fan Jeraazje. It is yn trekfûgel, dy't in subtropyske gebieten, Súd-Jeropa, Midden-Easten en Noard-Afrika, oerwintert.
De Fryske namme (en de namme yn it Nederlândsk, Dútsk en Engelsk) is in onomatopee, om 't de sang in repetearjend tsjif-tsjaf-tsjif-tsjaf is. Dêrmei ûnderskiedt de tsjiftsjaf him it dúdlikst fan oare bosksjongers, yn it bysûnder de lytse hôfsjonger dy't oan 'e bûtenkant net sa ferskillend is.
Ek yn Fryslân is de tsjiftsjaf in algemiene sjonger. Yn 'e lêste wike fan maart en de earste wiken fan april komt hy út Spanje, Marokko en fierder út West-Afrika werom, en is syn karakterystike lûd te hearre. Yn septimber-oktober giet hy wer fuort. Yn milde winters binne dêr ek tsjiftsjaffen dy 't hjir oerwinterje. .
Taksonomy
De tsjiftsjaf komt yn 6 ûndersoarten foar.
- Phylloscopus collybita abietinis: Skandinaavje, Ruslân
- Phylloscopus collybita collybita : West- en Midden-Jeropa
- Phylloscopus collybita brevirostris: Turkije
- Phylloscopus collybita caucasicus: Kaukasus
- Phylloscopus collybita menzbieri: Iran, Turkmenistan
- Phylloscopus collybita tristis: Sibearje
De lêste ûndersoart wurdt ek wol as aparte soart besjoen: Sibearyske tsjiftsjaf. De tsjiftsjaffen fan Spanje en Portegal en dy 't fan de Kanaryske Eilannen jilde algemien as aparte soarten: Ibearyske tsjiftsjaf (P. ibericus) en Kanaryske tsjiftsjaf (P. canariensis).