Tsjerkgaast
Himrik fan  Tsjerkgaast
gemeente De Fryske Marren
Gritenij Doanjewerstâl
Stimmen 45
Ynwenners (2004) 190
Huzen {{{huzen}}}
Koördinaten 52° 54' NB, 5° 40' EL
Netnûmer 0514
Postkoade 8522
Webstee {{{webstee}}}
Tsjerkgaast
It Hûs Spannenburch

Tsjerkgaast is in doarp yn de gemeente De Fryske Marren, noardwest fan Sleat. It doarp hat likernôch 190 ynwenners (2004).
Oant de gemeentlike weryndieling op 1 jannewaris 1984, hearde it ta de gemeente Doanjewerstâl. It buorskip Spannenburch falt ûnder it doarp. De eardere PTT-toer is rûnom te sjen.Yn de namme ferwiist tsjerk nei de tsjerke dy't oarspronklik oan Sint-Augustinus wijd wie, en gaast nei in sânrêch of heechlizzend sânige grûn. Sokke gaasten wiene der wol mear, mar hjir stie in tsjerke op.

Tsjerke

De protestanske tsjerke fan Tsjerkgaast is fan 1703, preekstoel en doopstek binne út de 17e iuw. Der is ek in reade sânstiennen grêfsark út de 14e iuw. Op it tsjerkhôf stiet ien fan de Klokkestuollen yn Fryslân.

Mienskip

It doarpshûs Tsjerkgaast is It Spantsje. Yn 2003 is yn it ramt fan it 300-jierrich bestean fan de tsjerke fan Tsjerkgaast it iepenloftspul 'De skat fan Tsjerkgaast' makke.
De nasjonaalsosjalistyske skriuwer R.P. Sybesma is hjir yn 1894 berne.

Befolking

Iepenbier Ferfier

Strjitten

  • Aldedyk - oerbliuwsel fan de âlde ferbiningswei Sint Nyk-Sleat
  • Brekkendyk - rint oan de eastside fan it Prinses Margrietkanaal nei de Lemster Brekken. Brekken binne markes of sompich lân.
  • De Bolten - âlde namme fan in âlde wat heger lizzende dyk fan Tsjerkgaast nei Gaasterlân.
  • De Koai - nei de eardere einekoai, no noch in boskje.
  • De Stikels - hjir groeiden in soad stikels.
  • De Trochreed - Ferwiist nei de trochreed fan it eardere kafee dêr't hynders yn- en útspand waarden.
  • Gaastdyk - trochgeande dyk oer de gaasten, heechlizzende sângrûnen. De namme komt ek foar yn geastgrûn en Gaasterlân.
  • It Foarfjild - in stik lân foaroan by de dyk waard in foarfjild neamd
  • Jerdensdyk - in dyk troch jerden, lange smelle stikken lân.
  • Kanaalsdyk - oan de westkant fan it Margrietkannaal, bylâns de Brekkendyk.
  • Puthoeke - nei de put of welle dêr't eltsenien eartiids wetter helje koe.
  • Riensleat - Neam nei de Riensleat of Wâldsleat, it kanaal tusken de Lemster Brekken en Follegea.
  • Spannenburgerdyk - fan Spannenburch nei Sint Nyk. Spannenburch wie in eardere loazjeminthâlder op it krúspunt Spannenburch.
  • Strjitwei - de strjitwei fan De Lemmer nei Snits.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

De Fryske Marren
Stêd:
Sleat
Doarpen en útbuorrens:
AldegeaAldehaskeAldemardumAlde OuwerBakhuzenBalkBantegeaBoarnsweachDe BroekDikenDolsterhuzenDunegeaEagmarypEalahuzenEasterseeFollegeaGoaiïngarypHarichHaskerhoarneYchtenYchtenbrêgeDe JouwerJiskenhuzenJistergeaKolderwâldeLangwarLegemarDe LemmerMurnsNijehaskeNijemardumOusterhauleOusternijegeaReahelRiisRotstergaastRotsterhauleRottumRûgehuzenSkarsterbrêgeSint-JânsgeaSint-NykSniksweachSondelTerherneTerkapleTeroeleTsjerkgaastVegelinsoardWikel
Buorskippen:
BallingboerDe BargebekDe BelsBrekkenpolderDelbuorrenFinkebuorrenFinkebuorren (Gaasterlân)FjouwerhûsFrisbuorrenHeaburgenDe HeideHústerheideDe KommisjepôleNij AmearikaDe NoedDe RylstSânbuertSkoattersyl (foar in part)SkouSpannenburchTeakesylTropherneTwahûsUnlânWesteinWesterein Harich
wizigje
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.