Tsjerken yn Fryslân jout in oersjoch fan de arsjitektuer fan de tsjerkegebouwen as kultureel erfgoed yn Fryslân.

Romaansk

De ierste romaanske tsjerken waarden op terpen boud. De tsjerken mei in sealdaktoer waarden oplutsen út dowestien dat út de Eifel oanfierd waard. Inkele tsjerken waarden letter wizige of útwreide.

Letter waarden de tsjerken boud fan kleastermoppen (reade bakstiennen). Tsjerken binne û.o. te finen yn: Ealsum, Boer, Boazum, Britsum, Dearsum, Jistrum, Eksmoarre, Feinsum, Foudgum, Hantum, Hichtum, Húns, Hijum, Jelsum, Rinsumageast, Stiens, Surhuzum en Swichum.

Romanogotyk

Romanogotyske tsjerken stean û.o. yn: Burgum, Hantumhuzen en Wurdum.

Gotyk

De gotyk yn Fryslân skaaimerket him by doarpstsjerken troch it faak fêsthâlden oan it ienbeukige skip en de sealdaktoer út de romaanske perioade. Sa'n toer hat ek, as ienige stêdstsjerke, de Martinytsjerke yn Boalsert. Oare gotyske stêdstsjerken binne de Martinytsjerke yn Frjentsjer, de Grutte of Jakobinertsjerke yn Ljouwert en de Sint-Gertrudistsjerke yn Warkum. Fan belang is ek de Aldehou yn Ljouwert, de toer fan de fierder ferdûne Sint-Vitustsjerke. Der binne û.o. gotyske doarpstsjerken te finen yn Blessum, Boksum, Stynsgea, Kollum, Stiens, Ferwert en Minnertsgea.

Renêssânse

Tsjerken út de 16e iuw

Klassisisme

Tsjerken út de 18e iuw

Neoklassisisme

Tsjerken út de 18e en de earste helte fan de 19e iuw.

Neogotyk

Neogotyske tsjerken yn Fryslân binne boud yn de twadde helte fan de njoggentjinde en begjin tweintichste iuw.

Kultureel erfgoed

Stifting Alde Fryske Tsjerken

Om de tsjerken as kultureel erfgoed te behoedzjen foar ferfal en sloop waard yn 1970 de stifting Alde Fryske Tsjerken oprjchte. Dizze stifting is no eigener fan 34 tsjerken en twa klokkestuollen yn Fryslân.

Tsjerkepaad

Sûnt in oantal jierren organisearret de Rie fan Tsjerken en it Protestantsk Tsjinstensintrum yn Fryslân Tsjerkepaad. Yn de moannen july, augustus en septimber wurden op sneonen hûndert tsjerken iepensteld. De dielnimmende tsjerken binne werom te kennen oan de Tsjerkepaadflagge.

Literatuer

  • Kerken in Friesland:gebouwen, inrichting en gebruik, ûnder red. fan S. ten Hoeve, G.P. Karstkarel en Regn. Steensma, (1985), Baarn, Bosch & Keuning , ISBN 90-246-4542-5

Sjoch ek

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.