Tsjerke op 'e Terp
Lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
plakBurdaard
adresTsjerkebuorren 1
koördinaten53° 17' N 5° 52' E
Arsjitektuer
boujier1851
Webside
PKN-gemeente Burdaard-Wânswert-Jislum
Kaart
Tsjerke op 'e Terp (Fryslân)
Tsjerke op 'e Terp

De Tsjerke op 'e Terp is de eardere herfoarme tsjerke fan Burdaard. De tsjerke is tsjintwurdich ien fan de twa tsjerken de PKN-gemeente Burdaard-Wânswert-Jislum.

Beskriuwing

De trijesidich sletten sealtsjerke waard yn 1851 boud en ferfong doe in midsiuwske tsjerke mei in sealtektoer. De tsjerke hat spitsbôgige finsters en in geveltoer mei ynsnuorre spits. De pastorije oan de Dokkumer Strjitwei 2 datearret ek út 1851.

Yn de Twadde Wrâldkriich waarden de yn 1638 troch Jacob Noteman getten klokken foardere troch de Dútske autoriteiten.[1]

Oargel

Adema-Oargel

It oargel waard yn 1867 boud troch de bruorren Adema foar de Sint-Nikolaastsjerke fan De Kúnder. De bruorren Adema feroaren yn 1923 de disposysje. Nei't de katoliken de Sint-Nikolaastsjerke fan Kuinre sletten om 't hja dêr de grifformearde tsjerke oernamen, koe de doetiidske herfoarme gemeente fan Burdaard it Adema-oargel oankeapje. De herfoarme tsjerke hie in oargel fan Spanjaard út 1940, dat yn 1973 ôfbrutsen waard. It Adema-oargel waard dêrnei troch Wil Boegem yn Burdaard opboud.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.