Tsjerke oan 'e Fok
Lokaasje
provinsje Fryslân
plak It Hearrenfean
adresFok 48
koördinaten52° 57' N 5° 55' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipPKN
statusSûnt 2018 ferkocht;
no: apparteminten
Arsjitektuer
boujier1867, 1910
boustylNeoklassisisme
Webside
Side PKN It Hearrenfean
Kaart
Tsjerke oan de Fok (It Hearrenfean)
Tsjerke oan de Fok

De Tsjerke oan de Fok is in tsjerkegebou (Fok 48) op It Hearrenfean.

De neoklassisistyske tsjerke waard yn 1867 boud foar de Herfoarme gemeente yn 'e eardere gemeente Aenjewier. De toer waard om 1910 hinne boud en yn 'e jierren 1950 waard oan 'e sealtsjerke in portaal boud. Yn 'e tsjerke binne yn 'e jierren 1920 seis brânskildere ramen set fan it Delftske glêsatelier fan Jan Schouten, dy't de deugden as motyf ha.

De tsjerke heart noch ta de Protestantske Wykgemeente It Hearrenfean, mar is mei de bou fan it nije tsjerklike sintrum Trinitas oerstallich woarn. Yn 2012 waard de tsjerke sletten en te keap set en yn 2018 ferkocht. Yn 2020 binne der yn it gebou sân hierapparteminten realisearre.

Oargel

Oargel

Yn de tsjerke stiet in oargel fan L. van Dam út Ljouwert. It út 1872 datearjende ynstrumint waard yn 1961 restaurearre troch Bakker & Timmenga. It oargel waard te keap set.

Sjoch ek

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.