Tsjerke fan Ysbrechtum | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Ysbrechtum | |
adres | Tsjerkepaed 1 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1865 Restauraasje: 1975 | |
arsjitekt | Meinse Molenaar | |
monumintale status | Ryksmonumint | |
monumintnûmer | 39852 |
De tsjerke fan Ysbrechtum is in tsjerkegebou yn Ysbrechtum yn de provinsje Fryslân.
In tsjerke út de 12e iuw dy't wijd wie oan de hillige Martinus waard yn 1694 ûnder lieding fan Pyter Jans ferfongen. Duco Martena van Burmania fan Epema State liet ûnder it koar in grêfkelder bouwe mei in epitaaf. Yn 1728 waard der in toren oanboud. Yn 1865 waard de tsjerke opnij boud yn opdracht fan Sjuck van Welderen baron Rengers. De earste stien werd gelegd op 23 juni. It is in saneamde Wettersteatstsjerke. De sealtsjerke mei rûnbôgefinsters en fiifsidige koarsluting is boud neffens it ûntwerp fan Meinse Molenaar. Yn 1951 waard de toerbekroaning feroare.
It ynterieur wurdt dutsen troch in houten tonferwulft. De koperen kroanen datearje út 1694. De eardere preekstoel út 1694 waard ferkocht oan de tsjerke fan Twellingea. De roubuorden binne fan Sjuck Gerrolt Juckema fan Burmania Rengers (1784) en dy syn frou Odilia Amelia van Welderen (1788). De preekstoel en it doopstek datearje út de 1865. It oargel út 1866 is boud troch Willem Hardorff. It moarmeren doopfont út 1978 is makke troch F.G. Eijgelaar.
- Ynterieur
- Grêfmonumint
- Oargel