Tsjerke fan Syprus | ||
It aartsbiskoplik paleis yn Nikosia. | ||
algemiene ynformaasje | ||
off. namme | Tsjerke fan Syprus | |
stifting | 45 n.Kr. | |
ûnôfhinklik | 431 | |
erkenning | 478 (Patriargaat fan Antiochië) | |
titel primaat | aartsbiskop fan Syprus | |
sit primaat | Nikosia (Syprus) | |
fierdere bysûnderheden | ||
streaming | eastersk-otterdoksy | |
tsjerketaal | Hellenistysk Gryksk | |
ledetal | 712.000 (2012) | |
webside | www.churchofcyprus.org.cy |
De Tsjerke fan Syprus (Gryksk: Ἐκκλησία τῆς Κύπρου, Ekklisia tis Kýprou, Turksk: Kıbrıs Kilisesi), is in kristlike tsjerke fan eastersk-otterdokse synjatuer, dy't ûnderdiel útmakket fan wat wol de Gryksk-Otterdokse Tsjerke neamd wurdt, mar wat eins in groep ûnderskate tsjerken op Gryksk-otterdokse basis is. It is in autosefale (selsbestjoerende) tsjerke yn kommuny mei de oare eastersk-otterdokse tsjerken, ûnder it bewâld fan 'e aartsbiskop fan Syprus, dy't syn sit hat te Nikosia.
Iere skiednis
De eastersk-otterdokse tsjerke op Syprus is stifte yn it jier 45, troch de apostel Barnabas, doe't dy op ien fan 'e iere sindingsreizen mei de apostels Paulus en Jehannes Markus fan Salamis nei Pafos oer it eilân reizge, sa't beskreaun stiet yn 'e Bibel (Hannelingen 13:4-12). Oan 'e ein fan 'e fjirde iuw wie hiele Syprus bekeard ta it kristendom. Yn it jier 431 ferklearre de Tsjerke fan Syprus him ûnôfhinklik fan it Patriargaat fan Antiochië, dêr't it oant dy tiid ta heard hie. Dy ûnôfhinklikens waard lykwols pas erkend troch de patriarch fan Antiochië en de Byzantynske keizer Seno, doe't hast fyftich jier letter, yn 478, aldergeloks it grêf fan 'e apostel Barnabas op Syprus ûntdutsen waard.
Nettsjinsteande de iuwenlange útlânske oerhearsking hat de Tsjerke fan Syprus syn foaroansteande posysje op it eilân oant hjoed de dei witten te behâlden. Dêrby moat trouwens oantekene wurde dat de Gryksk-otterdokse leauwenden iroanyskernôch folle mear te lijen hiene yn 'e perioade dat de Westerske krúsfarders it op it eilân foar it sizzen hiene (1191-1489), as nei't Syprus ferovere wie troch Osmaanske Turken en dêrmei ûnder islamitysk bewâld kaam (1571-1878). Yn 1878 waard it eilân fan it Osmaanske Ryk kocht troch de Britten, en waard it in Britske kroankoloanje.
Tweintichste iuw
Benammen fan 'e jierren tritich fan 'e tweintichste iuw ôf woeks op Syprus de rop om ûnôfhinklikens oan, en yn 'e striid dy't dêrta liede soe, spile de Tsjerke fan Syprus in wichtige rol. Aartsbiskop Makarios III, dy't fan 1950 ôf oan it haad fan 'e Tsjerke stie, wie dêrnjonken ek de polityk lieder fan 'e Gryksk-Syprioatyske ûnôfhinklikensbeweging EOKA. Fan 1955 oant 1959 waard er troch de Britten foar syn oandiel yn 'e ûnôfhinklikheidsstriid sels ferballe nei de Seysjellen. En doe't Syprus yn 1960 einlings in selsstannich lân waard, waard Makarios III keazen as de earste presidint.
Yn 1972 en 1973 laten mieningsferskillen tusken Makarios III en de biskoppen Anthemos fan Kition, Kyprianos fan Kyrenia en Gennadios fan Pafos ta in krisis yn 'e tsjerke, doe't se Makarios besochten ôf te setten by de saneamde Tsjerklike Steatsgreep. Mar Makarios III rôp in synoade gear dy't bestie út ôffurdigen fan alle grutte Gryksk-otterdokse tsjerken; de iennichsten dy't wegeren dêroan diel te nimmen, wiene de Tsjerke fan Grikelân, dy't doedestiden yn 'e besnijing wie fan it diktatoriale Grykske Kolonelsrezjym, dat op 'e hân fan 'e trije opstannige biskoppen wie, en it Oekumenysk Patriargaat fan Konstantinopel, dat ûnder Turksk tafersjoch stie(t). Dy tsjerkgearkomste stelde Makarios yn it gelyk en sette de trije biskoppen ôf.
Dizze saak krige noch in sturtsje, doe't der op 15 july 1974 in (wrâldske) steatsgreep tsjin Makarios útfierd waard mei stipe fan 'e Amerikaanske CIA, it Grykske Kolonelsrezjym en de trije ôfsette biskoppen. Dêrby waard de Makarios, dy't him oan 'e lofterside fan it politike spektrum ophold, ôfset as presidint fan Syprus en twongen om yn ballingskip gean. De nije presidint wie de Gryksk-Syprioatyske hardliner Nikos Sampson, in foarstanner fan 'e enosis (ienwurding) mei Grikelân. De Amerikanen hopen hjirmei in mear op it Westen oriïntearre politike koerts fan Syprus te bewurkmasterjen, mar harren opset rûn spektakulêr mis doe't Turkije, dat hoe dan ek de belangen fan 'e Turksk-Syprioaten feilich stelle woe, fiif dagen letter, op 20 july, it eilân binnenfoel en it noardlike trêdepart fan Syprus besette. Frijwol alle kristenen dy't dêr libben, waarden nei it suden ta ferdreaun, wylst alle moslims út it suden nei it noarden ta flechten. It smiet in twadieling fan it eilân op dy't oant op 'e dei fan hjoed fuortduorret. Ien fan 'e gefolgen wie de grutskalige ferwuostging fan Gryksk-otterdokse tsjerken en oare monuminten yn it noarden.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |