Tsjerke fan Kolham
Lokaasje
provinsje Grinslân
gemeente Midden-Grinslân
plakKolham
adresHoofdweg 44
koördinaten53° 10' N 6° 44' E
Tsjerklike gegevens
tsjerkegenoatskipPKN
Arsjitektuer
boujier1641
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer33811
Webside
De tsjerke op de side fan SAGT]
Kaart
Tsjerke fan Kolham (Grinslân)
Tsjerke fan Kolham

De Tsjerke fan Kolham is de eardere herfoarme tsjerke fan it Grinslânske doarp Kolham. Sûnt 2020 is it in tsjerkegebou fan 'e Stifting Alde Grinslânske Tsjerken.

Skiednis

Gevelstien

Al yn 'e 13e iuw stie op itselde plak in tsjerkegebou. De kosten foar de bou fan 'e hjoeddeiske tsjerke wiene 5.422 gûne, dy't troch de provinsje Grinslân droegen waard. Neffens in akte út 1422 wie de provinsje ferplicht om alle kosten fan 'e tsjerke fan Kolham te beteljen. Yn d'e gevel is it wapen fan 'e provinsje ferwurke.

Yn 'e 19e iuw krige de tsjerke neogoatyske spitsbôgefinsters. Yn 'e dakruter fan 1808 hinget in klok út 1948. De oarspronklik klok waard yn 'e Twadde Wrâldkriich troch de besetter foardere. By de renovaasje fan 'e tsjerke yn 2006 krige it gebou in nije pleisterlaach.

Ynterieur

Yn 'e tsjerke stiet in preekstoel út 1641. Fierder is it ynterieur folle jonger. De hearebank is een replika út 2002 fan in âldere hearebank, dy't net mear bestiet. Oars as it wenstige blaugrien yn Grinslânske tsjerken is it balkenplafond yn 'e tsjerke fan Kolham donkerread.

Oargel

It oargel waard yn 1912 boud troch Marten Vermeulen út Woerden. Yn it ynstrumint is âlder 18e- en 19e-iuwsk piipwurk ferwurke, werfan de oarsprong ûnbekend is.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

    This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.