Tsjerk Hiddes de Vries ek wol koartwei Tsjerk of Tjerk Hiddes neamd, (Seisbierrum 6 augustus 1622 - Flissingen 6 augustus 1666) wie in Frysk floatfâd en seeheld. In omkesizzer fan in him, Hidde Sjoerds de Vries makke ek karriêre by de Admiraliteit fan Fryslân.
Libben
Tsjerk Hiddes waard berne yn Seisbierrum op in ienfâldich boerespultsje. Hy wie de twadde soan fan Hidde Sjoerds en Swab Tjeirckdochter, pas letter neamde er him De Vries. Al op tolve jierrige leeftyd gie er op see. Yn 1648 boaske hy in famke út Harns, Nantsje Atses. Hja setten harren yn Harns nei wenjen.
Tjerk Hiddes begûn earst by de boargerskipfeart mar soe letter in legindarysk lid fan de Admiraliteit fan Fryslân wurde. Yn 1658 wie er gesachfierder op it wapene transportskip Judith. Hy moast de float fan Van Wassenaar nei de Sont befeiligje en wylst er dat die makke er trije Sweedske skippen ta bút.
Hy bleau net lang foar de keapfardij oan it wurk. Op foardracht fan de Fryske Admiraliteit krige er yn 1665 it befel oer it oarlochsskip d'Elf Steden yn it fjirde eskader fan luitenant-admiraal Auke Stellingwerf. It eskader foer op 24 maaie fan dat jier út om wrake te nimmen op de Britten foar in net oankundige oanfal op weromkommende keapfeardijskippen. Yn de rampsillich ferrûne seeslach foel Tsjerk Hiddes sa bot op dat hy syn luitenant-admiraal, dy't de slach net oerlibbe, opfolge.
Yn de simmer fan 1666 gie er op 'e nij de striid mei de Britten oan. Syn floatferbân waard yn de foarhoede yndield by de luitenant-admiraal fan Seelân, Cornelis Evertsen. De hiele float stie ûnder befel fan admiraal Michiel Adriaenssoan de Ruyter. De Fjouwerdeiske Seeslach waard ien mei in glorieuze oerwinning, dêr't Tsjerk Hiddes mei syn flaggeskip Grut Frisia op 'e nij by útblonk.
Twa moanne letter kaam it wer ta fjochterij mei de Britten, diskear mei foar Tsjerk Hiddes needlottige ôfrin. Hy focht opnij mei in soad moed yn de foarhoede, mar rekke dêrby swier ferwûne. By Flissingen waard hy oan lân brocht om fersoarge te wurden, mar hy liet dêr op syn jierdei yn 1666 it libben. Fryslâns grutste admiraal is begroeven yn de Grutte Tsjerke yn Harns.
Tjerk Hiddes waard postúm, fjouwer dagen nei syn dea, heit fan Tjerk Hiddes de Jongere. De mem, Nantsje Atses, ferstoar oan de gefolgen fan de befalling. De Admiraliteit fan Fryslân hat der foar soarge dat de soan fan Tjerk Hiddes ek as Tjerk doopt waard, en joech de wees in jierjild dat gelyk wie oan in kapteinswedde. Tjerk Hiddes jr. soe letter ek nei see gean en kaptein wurde.
Oar
- De Frânsen koene Tjerk Hiddes ûnder de ferbastere namme Kiërkides.
- Michiel de Ruyter hie in portret fan de sneuvele Hiddes yn 'e foarkeamer.
Neitins
- Marineskippen neamd nei Tsjerk Hiddes:
- Hr. Ms. Tjerk Hiddes (1942), eks HMS Nonpareil, in Nederlânske torpedoboatjager fan de N-klasse.
- Hr. Ms. Tjerk Hiddes (1993), in Nederlânsk fregat fan de Karel Doormanklasse.
- De Tsjerk Hiddesslûzen binne nei him ferneamd.