De tsjalk is in silend frachtskip foar de binnenwetters en hat in soad útfierings.
De namme tsjalk waard yn de 17e iuw foar it earst brûkt om platboaiems mei in rûne boech oan te tsjutten.
Kenmerken
De tsjalk is lang, smel en ûndjip fan bou, as in ôfrûne doaze. Fierders hat er in folle, rûne boech en rûne kimen. Op in pear útsûnderings nei, hienen se ien mêst en farden mei in gaffeltúch en sydswurden. Se waarden yn hout mar ek yn izer en noch letter fan stiel boud. Yn it earstoan silend krigen se yn lettere jierren in meganische oandriuwing. Troch bytiden sterke ferskillen yn uterlik, útfiering,komôf en gebrûk, krigen tsjalken faak in dêroan ferbûne namme. Foarbylden binne:
- Paviljoentsjalk, nei it uterlik
- Koftsjalk, nei de útfiering
- Grinslanner tsjalk, nei it komôf
- Beurttsjalk, nei gebrûk
Soarten en types
- Beurttsjalk: In tsjalk foar de beurtfeart, wat ynhâldt dat it skip neffens in fêste tsjinstregeling tusken twa of mear plakken fear.
- Boltsjalk: In lichte, yn izer boude tsjalk mei in rûne kop (gjin sichtbere stjûnen) ynstee fan rûne boegen. Boltsjalken waarden benammen om Grins hinne brûkt.
- Dektsjalk: In tsjalk sûnder roef of paviljoen. It wengedielte wie ûnderdeks. Dizze tsjalken waarden benammen yn de noardlike provinsjes boud. Sadwaande hawwe de measte dektsjalken in Fryske of Grinslanner bouwize.
- Fryske tsjalk: Tsjalk, meastal tusken de 80 en 140 ton foar de algemiene feart (kanalen, rivieren, Sudersee, Waad en de Siuwske streamen). Wat sierliker boud as measte Grinslanner tsjalken. By leech skip dêrfan te ûnderskieden troch de oanwêzichheid fan twa gongen ûnder it berchhout. (Hoewol't it faak dien wurdt is it fout om in skûtsje Fryske tsjalk te neamen.)
- Grinslanner tsjalk: In tsjalk mei as kenmerk de brede hûdgongen, yn stiel en yn houten útfierings. De hûdgongen kamen wol yn in hoeke tsjin de stjûnen, mar dy hoeke wie lytser as by de Fryske tsjalken. Se waarden boud foar de feart yn de feankoloanjes en wienen smel en ûndjip fergelike mei oare tsjalken. De izeren tsjalken dy't boud waarden foar de Waad- en Sontfeart wienen folle grutter en gewearder, 80 tot 140 ton.
- Hektsjalk, ek wol staasjetsjalk neamd: In âld type tsjalk wêrby't it boeisel efter boppe de berchhouten omheech trochtrint en in trijehoeke foarmet (it hinnegat) wêrtroch it helmhout rint. Der besteane noch mar twa eksimplaren fan: de "Vier Gebroeders", dy't eigendom is fan it Suderseemuseum yn Inkhuzen, en de eardere "Twee Gebroeders", no yn silende passazjierstsjinst aktyf ûnder de namme "L'Arche de Noë".
- Hollânske tjalk: Dit is foar it grutste part yn Woubrugge boude tsjalk hat krektas de Fryske smelle hûdgongen dy't yn in lytse hoeke by de stjûnen gearrinne. De berchhouten komme horizontaal tsjin de stjûnen en jouwe dit type syn eigen oansjen.
- Iseltsjalk: In fariaasje op de paviljoentsjalk. Lykas de namme al fermoeden docht, waarden iseltjalken benammen om de Hollânske Isel boud en brûkt. Iseltsjalken wienen frijwat brede skippen mei lege krûpline. Se waarden foaral brûkt foar sân- en grintferrfier by de bagelwurken op de Isel. De lêste iseltsjalk, de Maartje Neeltje, waard yn 1916 yn Capelle aan den IJssel boud.
- Koftjalk: In yn Grinslân boude tsjalk foar de Waad- en Sontfeart dy't lykwols in skerp (S-foarmich) efter ûnderwetterskip hienen en in smellere en hegere kylplanke. Kenmerkend is ek de foarstjûne dy't as in skoenersteven nei foaren útboud is en dêr't de boechspriet op rêst.
- Eastseetsjalk:
- Paviljoentjalk: In tsjalk mei in fehege efterdek wêrûnder de skipperswente siet. Oer dit efterdek stiket de opfallend lange helmstok. Dizze skippen waarden benammen yn Súd-Hollân boud.
- Skûte: Fryske tsjalkeftige, die kwa útfiering tusken de Fryske tsjalk en it skûtsje falt.
- Skûtsje
- Súd-Hollânske tsjalk: Sjoch Hollânske tsjalk.
Oare tsjalkeftige skippen
Der wienen ek oare skippenn dit mon ofte mear famylje fan de tsjalk wienen:
- Bolskip
- Bolpream
- Potskip
- Otter (skip)
Ferspriedingsgebiet
De tsjalk wie algemien en kaam foar yn in gebiet dat rûn fan de Eastsee oant Noard-Frankryk en Ingelân. It wie seker yn de 18e en 19e iuw yn de Nederlannen it wurkhynder en boantsjelap fan it transport op it wetter. Mei de gruttere eksimplaren waard ek kustfeart bedreaun.
Tsjintwurdich
Hjoed de dei binne der yn Nederlân noch in grut oantal, benammen yn izer (puddelizer of brûsiser) en stiel boude tsjalken. By de efterútgong fan de sylfeart binne de grutste tsjalken omboud ta motorfrachtskip. De lytste binne faak sloopt en de middenmoat is faak ûnwerkenber oamboud ta wenboat. De lêste tsientallen jierren wurde in soad wenskippen weromboud en faak kreas restaurearre ta plesierfartúch sjarterskip.
Literatuer
- Loomeijer Frits R. - Met zeil en treil, de tjalk in binnen- en buitenvaart.
- Het Peperhuis: uitgave van het Zuiderzeemuseum.
- Loon F.N van - Handleiding tot den burgelijken scheepsbouw. Warkum 1838.
- R. Martens & F. Loomeijer - Binnenvaartschepen. Utjouwerij de Alk, Alkmaar, 1977. ISBN 9060136926