Tsarskoje Selo (Russysk: Царское Село, Tsarskoje Selo; "Tsarendoarp") is in eardere residinsje fan de keizerlike Russyske famylje en de (hege) adel dy't op besite kaam op 24 kilometer besuden Sint-Petersburch. It falt tsjintwurdich ûnder de stêd Pûsjkin en fan it Wrâlderfgoedmonumint 'Sint-Petersburch en besibbe groepen fan monuminten'.
Yn de 17e iuw hearde de bûtenpleats oan in Sweedske aadlike famylje. De oarspronlik Finske namme fan de bûtenpleats wurdt faak oerset as "hegerlizzende grûn". Max Vasmer hat it toponym lykwols ôflaat fan it Finske wurd saari (eilân). Yn alle gefallen waard de Finske namme troch de 18e-iuwske Russen útsprutsen as "Sarskoje Selo", wat letter feroare yn "Tsarskoje Selo".
Keppeling om utens
- (in) (ru) Steatsmuseum fan Tsarskoje Selo
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.