De Troelstrabeweging Nederlân wie in sosjalistyske politike partij, dy't benammen aktyf wie yn Fryslân. Inisjatyfnimmer en partijlieder wie SDAP-er Paul Kiès. De partij wie bedoeld om de wiere idealen fan Pieter Jelles Troelstra heech te hâlden neidat der ûnrêst west hie ûnder de SDAP-oanhingers.

It Fryske sosjalisme yn de SDAP wie diels- gefoels-, diels ferstânssosjalisme. Doe't de SDAP nei 1930 mear en mear oergie nei wat field waard as ûnprinsipieel reformisme en oanpassen, kamen der yn Fryslân in soad spannings. Guon fûnen dat de partij ferwettere.
Benammen yn it súdeasten, de kontreien fan Geart van der Zwaag en Domela Nieuwenhuis waard it ûnrêstich. De wurdfierder fan dizze ûntefredenen waard Paul Kiès, earder offisier, letter antymilitarist dy't as propagandist fan de SDAP yn Fryslân súkses hie. Yn de rin fan de tritiger jierren foarme him hjir in bepaalde oanhing. Yn 1937 kaam it ta in konflikt. Men begûn de figuer fan Kiès en syn aksje skerper te sjen (Kiès soe him yn 1940 by de NSB oanslute). Hy kaam doe op de stimlisten op in ûnferkiesber plak, dy't ferkiezing útsluet. Fûle protestaksjes folgen. Der kamen aksjekommitees. In eigen orgaan 'Het Vrije Woord' ferskynde. Novimber 1937 waard Kiès mei in tal oanhingers troch it partijbestjoer fan de SDAP royearre. Dat wie oanlieding foar it oprjochtsjen fan de Troelstrabeweging om 'de wiere idealen' heech te hâlden. De oanhing bleau lykwols mar lyts. By de Provinsjale steateferkiezings yn 1939 krige de beweging 4,2% fan de stimmen yn Fryslân.

Yn april 1941 gyng de TBN op yn de NSNAP fan Ernst van Rappard.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.