Judas Iskariot ûntfangt de tritich sulverstikken, op in skilderij fan Mattia Preti út omtrint 1640.

Tritich sulverstikken wie de beleanning dêr't Judas Iskariot syn learmaster Jezus fan Nazaret foar ferrette neffens de bibelpassaazje yn it nijtestamintyske Evangeelje fan Mattéus 26:15. Foarôfgeande oan it Lêste Jûnsmiel soe Judas, ien fan 'e oarspronklike tolve dissipels, nei de joadske hegepreesters gien wêze om te hantsjebakken oer de priis dêr't er Jezus foar ferriede soe. Hja berikten oerienstimming dat er der tritich sulverne munten foar krije soe, hoewol't er dy letter, nei de feroardieling fan Jezus, ferfolle fan berou weromjaan woe. Yn 'e kristlike kultuer en de Westerske literatuer is "trichtich sulverstikken" (Nederlânsk: dertig zilverlingen, Ingelsk: thirty pieces of silver, ensfh.) sprekwurdlik wurden foar it beskamjen fan fertrouwen en it ferrieden fan in freon om dêr sels better fan te wurden.

Bibelske beskriuwing

Yn it Evangeelje fan Mattéus 26:14-16 wurdt beskreaun hoe't Judas Iskariot, ien fan 'e oarspronklike tolve dissipels, risselwearret om syn learmaster Jezus fan Nazaret te ferrieden. It stikje hat yn 'e Nije Fryske Bibeloersetting fan 1995 it kopke Judas seit ta, dat er Jezus ferriede sil meikrigen. De folsleine tekst is sa:

"Doe gie ien fan 'e tolve – Judas Iskariot hiet er – nei de hegepreesters ta en sei: 'Wat wolle jimme my jaan as ik Him jimme yn 'e hannen spylje?' Se seine him tritich sulverstikken ta. Sûnt dat momint seach er út nei in gelegenheid om Him oer te leverjen."

Fierderop yn itselde evangeelje (Mattéus 26:47-50) wurdt beskreaun hoe't Judas de die by it wurdt foeget troch Jezus yn 'e Tún fan Getsémané oer it mad te kommen:

"Hy wie noch net oan 'e ein fan syn wurden, of dêr wie Judas al, ien fan 'e tolve. Hy hie in binde folk by him mei swurden en kneppels. Dy wiene derop ôfstjoerd troch de hegepreesters en de âldsten fan it folk. De ferrieder hie mei harren dit teken ôfpraat: Dy't ik in tút jou, dy is it; pak Him. Fuortendaliks rûn er op Jezus ta en sei: 'Goejûn, Master.' Doe joech er Him in tút. Jezus sei tsjin him: 'Freon, doch mar watst dwaan soest.' Doe kamen se op Him ta, sloegen de hannen oan Him en lieten Him net wer los."

Letter kriget Judas Iskariot berou fan wat er dien hat, en besiket er de tritich sulverstikken werom te jaan (Mattéus 27:3-10). De hegepreesters wolle it jild lykwols net weromnimme, en as er it yn 'e Timpel fan Jeruzalim delsmyt, beslute se dat it ûnrein jild is, dat brûkt wurde kin om in stik lân oan te keapjen as begraafplak foar frjemden:

"Doe't Judas, syn ferrieder, seach dat Hy [Jezus] feroardiele wie, krige er berou en brocht de tritich sulverstikken by de hegepreesters en âldsten werom. 'Ik haw sûndige,' seid er, 'ik haw ûnskuldich bloed ferret.' Mar sy seine: 'Wat kin ús dat skele? Dêr moatsto foar stean.' Doe smiet er de sulverstikken de timpel yn, makke dat er fuort kaam, en ferhong him. De hegepreesters krigen it jild op en seine: 'Dat meie wy net yn 'e timpelkas dwaan, want it is bloedjild.' Dêrom namen se it beslút om dêr it pottebakkersfjild foar te keapjen as begraafplak foar frjemden. Dêrom hjit dat fjild noch altiten it bloedfjild. Sa kaam út wat profeet Jeremia sein hat: 'En se namen de tritich sulverstikken, de priis dêr't de soannen fan Israel Him op skatten doe't se syn wearde fêststelden, en se joegen dy foar it pottebakkersfjild, sa't de Hear my hjitten hie.' "

In Tyryske sjekel.

Soarte munten

It Aldgrykske wurd ἀργύρια, argyria, dat yn 'e oarspronklike tekst fan Mattéus 26:15 brûkt wurdt, betsjut ienfâldichwei "sulveren muntstikken". Bibelûndersikers binne it der net oer iens hokker munten oft it eins om giet. Faak wurdt, sûnder ûnderbouwing, oannommen dat it denaarjes wiene, de sulveren standertmunten fan it Romeinske Ryk. Dat wurdt troch saakkundigen lykwols tige ûnwierskynlik achte, mei't de timpelbelesting yn Jeruzalim (dêr't de hegepreesters harren jild troch krigen) net yn denaarjes betelle wurde mocht om't it sulvergehalte fan denaarjes te leech wie. De jildwikselers dy't neamd wurde yn 'e passaazje De Suvering fan de Timpel (Mattéus 21:12-17) sieten nammentlik yn 'e Timpel fan Jeruzalim om denaarjes om te wikseljen foar munten mei in heger sulvergehalte dêr't de timpelbelesting mei foldien wurde koe. It tinken is dan ek dat de tritich sulverstikken fan Judas Iskariot Tyryske sjekels of Antiochyske staters west hawwe moatte. Eventueel soe ek mooglik wêze dat it Ptolemayske tetradrachmes wiene. Men hat berekkene dat tritich sulverstikken rûchwei lean foar 120 dagen wurk west hawwe moat.

Teologyske ynterpretaasje

Ferskate kristlike teologen hawwe derop wiisd dat de útdrukking "tritich sulverstikken" ek op beskate plakken yn it Alde Testamint foarkomt. Yn Exodus 21:32 wurdt neamd dat as in ko of in bolle in slaaf of slavinne deadet, de eigner fan 'e ko of bolle oan 'e eigner fan 'e slaaf of slavinne in skeafergoeding ter hichte fan tritich sulverstikken betelje moat. Dêrút kin opmakke wurde dat tritich sulverstikken de priis fan in slaaf wie. Fierders stiet yn Sacharja 11:12-13 it foljgende:

"Ik sei tsjin harren: 'As it jim nei 't sin is, jou my myn lean; en sa net, lit it.' Doe woegen se my myn lean út: tritich sulverstikken. Mar de Heare sei tsjin my: 'Smyt se de smelter mar ta, dy skoandere priis dêr't se My op set hawwe.' En ik naam de tritich sulverstikken en smiet se de smelter ta yn it hûs fan 'e Heare."

Neffens teolooch Klaas Schilder soe de betelling oan Sacharja in oardiel oer syn wearde as persoan wêze, nammentlik (ferwizend nei de earder oanhelle passaazje yn Exodus) dat er net better as in slaaf wie. De term "skoandere priis" yn 'e passaazje út Sacharja is dus dúdlik sarkastysk bedoeld.

As de tritich sulverstikken fan Judas Iskariot brûkt wurde om in pottebakkersfjild mei oan te keapjen, om dat yn gebrûk te nimmen as begraafplak, soe dêrtroch neffens de skriuwer fan it Evangeelje fan Mattéus in profesije fan 'e profeet Jeremia útkomme. Mei't fan sa'n profesije yn it hiele bibelboek Jeremia neat werom te finen is, wurdt dat troch in protte bibelûndersikers as in skriuwflater beskôge. Men giet der faak fan út dat eins de profeet Sacharja bedoeld is en dat op dat plak ferwiisd wurdt nei de tritich sulverstikken dy't hy yn opdracht fan God de smelter tasmyt.

Craig S. Keener sjocht der lykwols in ferwizing yn nei de passaazje yn Jeremia 32:6-12, dêr't de profeet Jeremia in stik lân fan in neef fan him keapet nei't er dêroer in wurd fan God krigen hat. William Hendriksen hâldt út dat ynstee ferwiisd wurdt nei Jeremia 19:1-13, dêr't de profeet Jeremia yn opdracht fan God in pottebakkerskrûk stikken slacht as yllustraasje by syn profesije oer wat God mei it folk fan Judéa dwaan sil. Craig Blomberg is fan miening dat yn it Evangeelje fan Mattéus in foarm fan byldspraak brûkt wurdt, en dat de skriuwer oan 'e lêzers besiket te fertellen dat "Jezus, krekt as Jeremia en Sacharja, syn folk liede wol mei in profetysk en pastoraal foargongerskip, mar ynstee úteinlik ûnskuldich ûnder harren hannen komt te lijen." Fierders soe de dea fan Jezus, neffens Blomberg, in losjild wêze, "de priis dy't betelle wurde moat om 'e frijheid fan in slaaf te keapjen", wêrby't de slaaf symboal stiet foar eltse leauwende. En ek soe it begraafplak foar frjemdlingen, dat mei de tritich sulverstikken kocht wurdt, derop wize dat de dea fan Jezus de ferlossing fan alle folken fan 'e wrâld mooglik makket.

Judas jout de tritich sulverstikken werom, op in skilderij fan Rembrandt, út 1629.

Relikwyen

Ferskate saneamde 'Judaspeinjes', dy't yn 'e Midsiuwen yn 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, de Eastersk-otterdoksy en de Oriïntaalsk-otterdoksy fereare waarden as relikwyen dy't holpen by befallings, soene eksimplaren fan 'e tritich sulverstikken west hawwe. Sels as men oannimt dat it ferhaal sa't it ferteld wurdt yn it Evangeelje fan Mattéus letterlik bard is, liket it hiel ûnwierkynlik dat de spesifike tritich sulverstikken bewarre bleaun binne, om't se troch wat se wiene, ntl. jild, neitiid folslein fersille rekke wêze soene.

Yn guon gefallen gie it by de relikwyen om âlde munten fan it Grykske eilân Roados. Dat kaam om't op 'e efterkant fan dy munten de kop fan 'e sinnegod Helios stie, mei sinnestrielen dy't út it boppeste part fan 'e holle kamen. Dat waard ynterpretearre as de holle fan Jezus mei dy't de toarnekroan droech. Hoe't fan 'e Krusiging fan Jezus munten slein wurde koene foar't it bard wie, en wêrom't de autoriteiten dat dwaan soene, waard der fansels net by ferteld. Yn it Hunt Museum yn it Ierske Limerick wurdt noch altyd in Syrakûseenke dekadrachme bewarre dy't ien fan 'e tritich sulverstikken wêze soe. Op dy munt is de tekst gravearre: Quia precium sanguinis est (Latyn foar: "Dit is de priis fan bloed").

Yn literatuer

De tritich sulverstikken binne gauris neamd yn 'e literatuer, benammen as in metafoar foar it beskamjen fan fertrouwen of it ferrieden fan in freon om der sels better fan te wurden. Yn it ferlingde dêrfan wurde se ek wol oanhelle as de priis foar prostitúsje. Sa wurdt dernei ferwiisd yn it toanielstik Hindrik IV, Diel 2, fan William Shakespeare, dêr't de mêtresse fan Falstaff freget: "en hawwe jo my net tute, en frege om tritich skellings te heljen?" Yn Fjodor Dostojevski's Misdie en Straf fertsjinnet it personaazje Sonja trichtich roebels troch harsels te ferkeapjen. Yn it Ingelske folksferske King John and the Bishop antwurdet de biskop op it riedsel hoefolle oft de kening wurdich is: "29 sulverstikken", mei't gjin kening mear wurdich wêze kin as Jezus Kristus.

In sitaat út it gedicht Mattéus XXVII:9, fan 'e Argentynske skriuwer Jorge Luis Borges, giet sa:

De muntstik foel my yn 'e holle hân.
Ik koe it net drage, al wie it licht,
En liet it falle. 't Wie om 'e nocht.
"Noch njoggenentweintich," waard my sein.

Ferskaat

  • Judas Iskariot wurdt op skilderijen faak ôfbylden mei in sek, pûde of ponge yn 'e hân, dêr't de tritich sulverstikken yn sitte. Dat tsjinnet as in attribút dêr't men him oan weromkenne kin.
  • De plant judaspeinje is ferneamd nei de 'Judaspeinjes' (de tritich sulverstikken), fanwegen de rûne foarm fan 'e blêden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.