Trijekeningejûn | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Twelfth Night | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | komeedzje | |
skreaun | 1601 of 1602 | |
1e publikaasje | 1623, Londen | |
1e opfiering | 1602 | |
bondel | First Folio | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Trijekeningejûn | |
publikaasje | 1962, Drachten | |
útjouwer | Fryske Shakespeare Stifting | |
oersetter | Douwe Kalma |
Trijekeningejûn, yn it oarspronklike Ingelsk: Twelfth Night (eins folút: Twelft Night, or: What You Will), is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is in komeedzje dy't it ferhaal fertelt fan 'e jonge ealfrouwe Viola, dy't skipbrek lijt foar de kust fan Illyrje. Trijekeningejûn moat skreaun wêze yn 1601 of 1602 om opfierd te wurden op Trijekeningen, oan 'e ein fan 'e krystperioade. It stik linet swier op it koarte ferhaal Of Apollonius and Silla, fan Barnabe Rich, dat wer basearre wie op in ferhaal fan Matteo Bandello. It waard foar it earst opfierd op 2 febrewaris 1602, Marije-Ljochtmis (wat doedestiden de formele ein fan it krystseizoen wie), mar waard pas foar it earst publisearre yn 1623, as ûnderdiel fan 'e First Folio. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1962.
Ynhâld
Trijekeningejûn set útein as de jonge ealfrouwe Viola skipbrek lijt yn 'e Adriatyske See, foar de kust fan Illyrje (dat yn 'e Aldheid fierhinne Albaanje en it eardere Joegoslaavje omfette). Dêrby ferliest se har twillingbroer Sebastiaan út it each, en se mient dat hy de ramp net oerlibbe hat. De kaptein fan it skip helpt har oan lân, dêr't se har út selsbehâld (want it is fansels net fertroud foar in jongfaam allinnich yn 'e fremdte) ferklaait as in jongeman en de namme Cesario oannimt. Om't al har besittings mei it skip te sink gien binne, helpt de kaptein har oan in baantsje as tsjinstfeint fan hartoch Orsino. Dyselde mient dat er fereale is op 'e jonge grevinne Olivia, dy't koartby har heit en broer ferlern hat. Mei't se fan doel is en betrachtsje foar harren sân jier rou, wegeret se eltse frijer de tagong ta har kastiel, dat Orsino kin sels net nei har ta. Sadwaande stjoert er "Cesario" (Viola) om foar him by Olivia yn 't pleit te gean. Olivia, lykwols, rekket op slach fereale op 'e kreaze "jongfeint", wylst Viola ûnderwilens fereale wurden is op Orsino.
Tusken bedriuwen fan 'e haadplot troch fynt de komyske subplot plak, dy't oer Olivia har hofhâlding giet. Har omke, de ridder Toby Belch, en de ûnnoazele jonker Andrew Aguecheek, dy't eins ek wol nei har stykje woe as er mar wist hoe't er dat oanpakke moast, sûpe en feestfiere eltse dei oant midden yn 'e nacht en hâlde mei harren lûdroftigens eltsenien út 'e sliep. Sadwaande wiist Olivia har majordomo, in eptige man dy't fan Malvolio hjit, harren teplak. Toby, Andrew en guon leden fan it tsjinstfolk, dy't ek noch in appeltsje mei him te skilen hawwe, beslute dêrop wraak te nimmen op Malvolio troch in grap mei him út te heljen. De tsjinstfaam Maria skriuwt him in brief yn Olivia har hânskrift, wêryn't se ferklearret dat sy (Olivia) temûk fereale op Malvolio is. Fierders freget se him û.m. om felgiele hoazzen te dragen, alle tsjinners almar wer út te heuveljen en yn (Olivia) har bywêzen ûnophâldlik te glimkjen.
As Malvolio dat brief lêst, is er ferheard, mar ek optein, en docht er persiis wat him frege wurdt. Olivia, dy't neat fan dit alles ôfwit, komme de feroarings yn Malvolio syn hâlden en dragen raar oer it mad, en se mient dat er gek wurden is. Sadwaande wurdt er opsletten yn in tsjustere keamer, dêr't de nar Feste, dy't ek yn it komplot sit, him earst ferklaaid as in preester en dan as himsels besiket en de gek oan stekt. Oan 'e ein fan it stik komt de moard út, en dan hawwe de gearspanners by Malvolio fansels raar yn 'e fizel skiten. Hy skonket mei steand seil fuort wylst er wraak swart, mar hartoch Orsino stjoert in tsjinstfeint efter him oan om him te bepraten.
Underwilens arrivearret Viola har twillingbroer Sebastiaan op it toaniel, dy't dochs net omkommen is by de skipbrek, mar troch in oar skip oppikt is. Om't er as twa drippen wetter liket op 'e as jongfeint ferklaaide Viola, liedt dit ta alderhanne betizings. Sa freget Olivia, dy't mient dat Sebastiaan Cesario is, him om mei har te trouwen. Sebastiaan komt dat al wat oer it mad, mar hy hat der wol earen nei, dat se naaie tegearre út om temûk te trouwen. Yn 'e slotsêne, as Viola en Sebastiaan einlik tegearre yn oanwêzichheid fan sawol Olivia as hartoch Orsino ferskine, komt alles út, en bekend Viola ek foar it earst dat se in frou is. It stik einiget as Orsino en Viola harren houlik oankundigje, wylst der berjocht komt dat Toby en Maria ûnderwilens ek troud binne.
Fryske oersetting
Twelfth Night waard ûnder de titel Trije Keningejoun yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1962 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. III, yn 'e mande mei de fertalings fan guon oare Shakespeariaanske komeedzjes, lykas De Fleurige Wyfkes, Lyk om Lyk en Folle Spul om Neat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.
|