Trije-ienheidskatedraal

Троицкий собор

Lokaasje
lân Ruslân
oblast Sverdlovsk
plak Jekaterineburch
koördinaten56° 49' N 60° 36' E
Arsjitektuer
boujier1818-1824
boustylKlassisisme
monumintale statusRegionaal monumint
monumintnûmer661710764880005
Webside
stkse.orthodoxy.ru
Kaart
Trije-ienheidskatedraal (Jekaterineburch)
Trije-ienheidskatedraal

De Katedraal fan de Hillige Trije-ienheid (Russysk: Свято-Троицкий кафедральный собор) yn 'e Russyske stêd Jekaterineburch, is de otterdokse katedraal fan it bisdom Jekaterineburch.

Skiednis

De yn klassistyske styl boude tsjerke waard oarspronklik foar de âldleauwenden yn 1818 stifte. De bou fan 'e tsjerke waard mooglik makke troch J.M. Rjazanov, ien fan 'e rykste ynwenners fan Jekaterineburch en sels in âldleauwende. De autoriteiten joegen lykwols gjin tastimming it bouwurk te brûken en dêrom bleau de tsjerke oant 1838 ynaktyf. Yn dat jier gyng Rjazanov mei in tal oare âldleauwenden oer ta de Russysk-Otterdokse Tsjerke. Hja mochten harren âlde riten en brûkmen behâlde, mar moasten harren skikke nei it gesach fan de Russysk-Otterdokse Tsjerke. Dêrmei kaam in ein oan 'e beswieren fan 'e Russysk-Otterdokske Tsjerke. De nijbou, dy't al yn 1824 foltôge waard, koe no foar liturgysk gebrûk konsekrearre wurde. Yn 1854 waard oan de tsjerke in 37,3 meter hege klokketoer tafoege.

De tsjerke yn de Sovjet-tiid

De Trije-ienheidskatedraal hearde ta de rykste tsjerken fan 'e stêd. Yn 'e bolsjewistyske kampanje foar de ûnteigening fan tsjerklik besit waarden de weardefolle saken út de tsjerke helle en konfiskearre. Hjirûnder wiene in soad sulver en de yn 'e tsjerke fereare ikoan fan Us-Leaffrou-fan-Kazan, dy't mei wol 132 diamanten fersierd wie.[1] Nei tsien jier, yn 1930, naam de gemeenteried it beslút de tsjerke te sluten foar de earetsjinst. Fuort dêrnei waarden de koepel en de toer sloopt en ferbouwings útfierd om it bouwurk geskikt te meitsjen foar in nije funksje. Noch itselde jier waard it gebou yn gebrûk jûn oan in automobylferiening. De folgjende dessenia soe de eardere tsjerke faak wikselje fan funksje. Sa kaam der in bioskoop yn, in kleanfabryk, in kultureel sintrum en in disko.

De katedraal hjoeddedei

Ynterieur.

Nei it útien fallen fan 'e Sovjet-Uny yn 1991 besocht de Russysk-Otterdokske Tsjerke it gebou werom te krijen. Dat slagge yn 1996 en dêrnei begûn fuort de restauraasje fan 'e tsjerke. Op 24 septimber 2000 waard de katedraal op 'e nij konsekrearre. De liturgyske fiering waard fersoarge troch Aleksi II, patriarch fan Moskou en hiel Ruslân. De orizjinele ikonostaze koe fanwegen it ûntbrekken fan tekeningen en goede ôfbyldings net rekonstruearre wurde en dêrom krige de katedraal in nije ikonostaze fan trije rigen mei 14 ikoanen, inklusyf in ikoan fan tsaar Nikolaas II. De ikonostaze waard fersierd mei weardefolle stiennen en mineralen út it Oeral-geberchte.

Fan 25 oant 27 oktober 2011 wie yn 'e katedraal ien fan de meast fereare reliken yn 'e otterdokse tsjerke te sjen, de gurdle fan 'e Jongfaam Marije. Tsientûzenen leauwenden besochten de katedraal en moasten lange tiid yn 'e rige stean om it relyk te ferearjen.[2]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Троицкий собор (Екатеринбург)


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.