Trije-ienheidkatedraal Свято-Троицкий собор | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Magadan | |
Magadan | ||
koördinaten | 59° 34' N 150° 48' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Vladimir en Elena Kolosov | |
boujier | 2001-2008 | |
hichte | 71,2 m (ynklúsyf krús) | |
Webside | ||
magadan-eparchy.ru | ||
Kaart | ||
De Trije-ienheidkatedraal (Russysk: Свято-Троицкий собор; Svjato Troitski sobor) is in Russysk-otterdokse katedraal yn Magadan, Ruslân. De katedraal is de grutste otterdokse katedraal yn it Russyske Fiere Easten.
Skiednis
De katedraal waard boud op it plak dêr't it 'Hûs fan de Sovjets' boud wurde soe. Fan dat nea foltôge gebou waarden de fûneminten en de metalen frames fan 'e earste twa ferdjippings brûkt om 'e katedraal te bouwen. Yn 2001 waard útein set en fanwegen de ôfmjittings wurken ferskillende oannimmers oan it projekt. Keunstners út de ikoanestêd Palech wurken oan it beskilderjen fan 'e alterromte, yn in letter stadium folge de beskildering fan 'e hiele katedraal.
It tsjerkegebou wurdt beskôge as in monumint foar de slachtoffers fan Stalin's terreur. By de ynwijing fan 'e katedraal op 1 septimber 2011 betocht patriarch Kirill wiidweidich de slachtoffers fan 'e Gûlag. Hy neamde de katedraal it symboal fan 'e oerwinning op it kwea. Yn dat ramt fertelde de patriarch ek dat syn heit yn dat tiidrek op de jûn foar syn trouwen oppakt waard, om 't er meisongen hawwe soe yn in amateurkoar yn ien fan 'e tsjerken fan Sint-Petersburch.[1]
Foar de bou tsjinne de âlde Russyske arsjitektuer fan Vladimir en Novgorod as foarbyld.
De bou fan 'e katedraal koste mear as 900 miljoen rûbel en waard mooglik makke troch de regionale oerheid en jeften fan partikulieren.
Yn 2015 waard der in monumint op it katedraalplein oprjochte foar Sint-Innosintius, de apostel fan Sibearje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:Троицкий собор (Магадан)
|