It trifoarium Notre-Dame yn Bougival, Frankryk

In trifoarium is in heechlizzende gong yn de muorre fan let-romaanske en benammen goatyske basiliken, dy't oan de kant fan it middenskip iepene is. It foarmet in ferdjipping tusken de arkades op de grûn en de ljochtbeuk, it diel fan it middenskip dêr't de ramen sitte. In trifoarium hoecht net perfoarst sa onlein te wêzen dat der oer hinne rûn wurde kin. Somtiden is in trifoarium ek allinne mar foar de sier oanlein. Yn dat gefal is it in blyn trifoarium. Trifoaria hawwe faak allinne mar in dekorative funksje.

Betsjutting

Fakentiden wurdt ornearre dat it begryp fan it Latyn stamt. Tri (trije) en foris (iepening) ferwize dan nei in trijefâldige iepening. Nei alle gedachten is dat net sa, om't it begryp foar it earst troch de midsiuwske muonts Gervasius by de weropbou fan de katedraal fan Canterbury brûkt waard en it dêr om in gong sûnder trije iepenings giet. Dêrom is it oannimmeliker dat it in ôflieding is fan it midsiuwske anglolatynske wurd foar trochbrutsen ambachtlike wurksumheden of it Ingelsk-Latynske keunstwurd thoroughfarum (trochgong). Yn alle gefallen is it wurd net allinnich bûn oan in foarkommen mei trije iepeningen.

Skiednis

In earste oanset fan it trifoarium ûntstie yn 1140 by de bou fan de katedraal fan Sens yn Frankryk. Likernôch tsjien jier letter ûntstie foar it earst in echt trifoarium by de bou fan de katedraal fan Noyon. Sûnt it begjin fan de bou fan it nije skip foar de katedraal fan Chartres waard yn 1190 foar it earst de lettere tradisjonele goatyske muorreyndieling tapast: earst in arkadesône, dan it trifoarium en dêrnei de ljochtbeuk.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Triforium


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.