TriBeCa Productions | ||
algemien | ||
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type | privaat | |
sektor | filmstudio | |
haadkertier | New York (New York) | |
oprjochte | 1989 | |
oprjochter | Robert De Niro Jane Rosenthal | |
eigner | Robert De Niro Jane Rosenthal Craig Hatkoff | |
mem | Tribeca Enterprises | |
offisjele webside | ||
www.tribecafilm.com |
TriBeCa Productions (ek wol skreaun as Tribeca Productions) is in Amerikaanske filmstudio en tillefyzjestudio dy't yn 1989 oprjochte waard troch akteur Robert De Niro en filmprodusinte Jane Rosenthal. It bedriuw is ferneamd nei de buert Tribeca, yn it súdlike diel fan 'e New Yorkske borough Manhattan, dêr't it fêstige is.
Skiednis
TriBeCa Productions waard yn 1989 oprjochte troch filmstjer Robert De Niro yn gearwurking mei filmprodusinte Jane Rosenthal, oan it begjin fan in weroplibbing fan 'e belangstelling yn 'e Amerikaanske filmyndustry foar it opnimmen fan films en tillefyzjeprogramma's op lokaasje yn 'e stêd New York.
Foarôfgeande oan 'e 1990-er jierren wie it nammentlik foar Amerikaanske filmstudio's foardieliger om sênes mei in stedske eftergrûn op te nimmen yn Kanadeeske plakken as Vancouver of Toronto. Sûnt de oprjochting fan TriBeCa Productions hawwe oare filmstudio's en ûnderdielen fan filmstudio's har yn ferskate buerten fan New York fêstige. It opnimmen fan films en tillefyzjeprogramma's yn 'e stêd is dêrtroch wer hiel gewoan wurde.
Yn 2003 brochten De Niro, Rosenthal en harren partner Craig Hatkoff TriBeCa Productions ûnder by Tribeca Enterprises. Dat is in grutter mediabedriuw, dat ek de Tribeca Cinemas omfiemet en it elts jier it Filmfestival fan Tribeca organisearret.
Produksjes
Films
Tillefyzjeprogramma's
- TriBeCa (1993) (tillefyzjesearje)
- NYC 22 (2012) (tillefyzjesearje)
- About a Boy (2014) (tillefyzjesearje)
- The Wizard of Lies (2017) (tillefyzjefilm)
- When They See Us (2019) (minysearje)
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |