In Sjajinsk gesin mei in troch in hynder lutsen travois, yn 1890.

In travois (útspr.: [trav'wa]) is in draachbier of sleeptastel besteande út twa lange stokken of peallen wêrfan't de úteinen oer de grûn slepe en dy't lutsen wurde troch in lûkdier (of minske), mei tusken de stokken of peallen yn de iene of oare konstruksje om guod (of in persoan) op te ferfieren. Sa'n konstruksje kin alderhanne foarmen oannimme, lykas in net, in simpele tekken of in ramt fan tûken of latsjes. It wurd travois komt út it Kanadeesk-Frânsk, en giet úteinlik werom op it Frânske travail, dat "wurk" betsjut. Aldere, argayske foarmen binne travoy en travoise.

Histoarysk is de travois benammen bekend fan 'e Yndiaanske folken fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika, dy't sokke sleeptastellen brûkten om swiere lêsten (lykas de grutte peallen fan harren tipys) of sike of ferwûne minsken te ferfieren. Yn 'e njoggentjinde iuw waarden om travois te lûken benammentlik hynders brûkt, mar foar't de Yndianen yn 'e earste helte fan 'e achttjinde iuw de earste mustangs fongen hiene, spanden se hûnen foar harren travois. As gjin lûkdier beskikber wie, ferrjochte men it lûkwurk eigener hân.

Hoewol't sokke travois fansels in primitivere foarm fan transport foarmen as weinen mei tsjillen, wiene se foar de ûndergrûn dêr't se op brûkt waarden (bgl. de mei blêden en tûken besiedde wâldboaiem, of it lange gers fan 'e prêrje, of op mul sân of losse snie) feitliken gaadliker as tsjillen west hawwe soene. Sadwaande makken ek de iere Frânske pelsjagers of coureurs des bois yn Noard-Amearika gebrûk fan travois.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.