Trapeftigen
In grutte trap (Otis tarda)
In grutte trap (Otis tarda)
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang:trapfoarmigen (Otidimorphae)
skifttrapeftigen (Otidiformes)
Wagler, 1830

De trapeftigen (wittenskiplike namme: Otidiformes) foarmje in skift klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves) en de noch rangleaze groep fan 'e trapfoarmigen (Otidimorphae). Dit skift bestiet mar út ien inkelde famylje, nammentlik dy fan 'e trapfûgels (Otididae), dy't sels wer útinoar falt yn alve skaaien mei yn totaal 26 soarten. De trapeftigen binne nau besibbe oan 'e toerako-eftigen (Musophagiformes) en de koekoekeftigen (Cuculiformes).

Beskriuwing

Trapeftigen komme foar op 'e steppes en yn 'e healwoastinen fan Jeraazje, Afrika en Austraalje. It binne skouwe fûgels dy't op 'e grûn libje, hoewol't se goed fleane kinne. Se hawwe stevige, mar lange poaten, in lange hals en brede wjukken. Ornaris binne se brún of griis en hawwe se dûnkere streken en plakken oan 'e boppeside fan it lichem, wylst se oan 'e ûnderkant witich, gielich of swart binne. Trapeftigen binne omnivoaren, dy't lykwols yn 'e regel plantaardich fretten beplúzje.

Skiftopbou

  • skift trapeftigen (Otidiformes)
    • famylje trapfûgels (Otididae)
      • skaai burdtrappen (Houbaropsis): 1 soarte
      • skaai Eastafrikaanske trappen (Neotis): 4 soarten
      • skaai grutte trappen (Otis): 1 soarte
      • skaai hartlaub- en swartbúktrappen (Lissotis): 2 soarten
      • skaai kraachtrappen (Chlamydotis): 2 soarten
      • skaai lytse Yndyske trappen (Sypheotides): 1 soarte
      • skaai lytse trappen (Tetrax): 1 soarte
      • skaai reuzetrappen (Ardeotis): 4 soarten
      • skaai Súdafrikaanske trappen (Eupodotis): 5 soarten
      • skaai swarte trappen (Afrotis): 2 soarten
      • skaai toeftrappen (Lophotis): 3 soarten
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.