Transfiguraasjetsjerke
Церковь Преображения Господня | ||
Lokaasje | ||
lân | Ruslân | |
oblast | Irkûtsk | |
plak | Irkûtsk | |
koördinaten | 52° 17' N 104° 18' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Anton I. Losev | |
boujier | 1795-1811 | |
boustyl | barok | |
monumintale status | Monumint fan federaal belang | |
monumintnûmer | 3810009000 | |
Webside | ||
preobrazhensky.prihod.ru | ||
Kaart | ||
De Tsjerke fan de Transfiguraasje fan de Hear (Russysk: Церковь Преображения Господня) is in barokke tsjerke yn Irkûtsk, Ruslân.
Skiednis
Mei de bou fan de tsjerke waard yn 1795 útein set nei't twa keaplju mei in foarse donaasje de bou mooglik makken. Oannommen wurdt dat de bou útfierd waard troch de Irkûtske arsjitekt Anton Losev. Op 6 augustus 1811 waard de tsjerke ynwijd, in gebou mei fierder ienfâldige gevels sûnder in soad dekoraasjes dy't barokke motiven mei klassisistyske eleminten hawwe.
Yn 'e midden fan 'e 19e iuw krige de tsjerke jild fan in bewenner fan Irkûtsk om de stiennen ôffreding mei getten izerwurk om de tsjerke oan te lizzen. Ek waard it houten dak fan de tsjerke ferfongen troch in metalen dak.
De tsjerke waard by de ferfolging fan de Russysk-otterdokske Tsjerke op 4 septimber 1940 as ien fan de lêsten sletten. Doe't er sluten wie, waard de tsjerke brûkt foar argiven en as biblioteek.
Sûnt it jier 2000 is de tsjerke wer iepen foar de earetsjinst.
Desimbristen
Bekende parochianen fan de tsjerke wiene de desimbristen prins Sergej Volkonsky en prins Sergei Petrovitsj Trûbezkoj. Sergei Volonski troude yn de Transfiguraaasjetsjerke mei Elena, in dochter fan de desimbrist Michail Küchelbecker. Oare bekende desimbristen as Pjotr Mûchanov († 1854) en Nikolai Papov († 1850) waarden fanút de tsjerke begroeven.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Russysktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: ru:rнаменский монастырь (Иркутск)
|