De tramwei Lippenhuzen - Easterwâlde bestie fan 1911 oant 1947.
Skiednis
Yn 1911 waard troch de Nederlandsche Tramweg Maatschappij (NTM) de line Lippenhuzen - Easterwâlde iepene. In ôfstân fan sa'n 20 km. Der waard op dit trajekt riden mei steamtrams. De line waard sletten op 28 maaie 1947, mar bleau noch foar frachtferfier yn gebrûk oant 30 septimber 1962 troch de NS. Dêrnei is it trajekt opbrutsen.
Haltes
(net folslein)
- Trijehoek - Lippenhuzen
- De Himrik
- Café Weg Wijnjeterp Leffertshutte - Weinterp
- Donkerbroek
- Hoeke - Makkingea
- Easterwâlde
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.