De tramwei It Hearrenfean - De Jouwer is in eardere tram- en letter spoarferbining tusken It Hearrenfean en De Jouwer. Fan De Jouwer rûn de ferbining fierder: tramwei De Jouwer - De Lemmer.
De tramline waard iepene op 26 maart 1882.[1] De line wie oarspronklik in steamtramline dy 't It Hearrenfean mei De Jouwer ferbûn, fan dêrút koe fierder reizge wurde nei De Lemmer of Snits. Op 5 oktober 1947 waard de eksploitaasje fan de line oernomd fan de NTM troch de NS. Op 1 oktober 1949 gie it eigendom lykwols werom nei de NTM, wylst de NS wol de eksploitaasje útfieren bleau. op 23 desimber 1960 gie it spoar wer yn eigendom oer nei NS. Yn 1968 waard de tramwei opheft.
- Tram mei disellok by de spoaroergong nei De Haske
- Stoomtram fan De Jouwer op wei nei It Hearrenfean (± 1910-1920)
- De trambaan by de ôfslach Westermar
Plakken oan de line
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.