De tramwei Frjentsjer-Arum bestie fan 1902 oant 1930.
Skiednis
Yn 1902 waard troch de Nederlandsche Tramweg Maatschappij (NTM) de line Frjentsjer-Marsum iepene. In ôfstân fan mear as 6 km. Der waard op dit trajekt riden mei steamtrams. De line waard sletten op 13 augustus 1939 en dêrnei opbrutsen.
It eardere tramstasjon fan Frjentsjer is nei it slúten fan de tramlinen noch jierren yn gebrûk west as garaazje. Yn 2010/2011 is it gebou ôfbrutsen om plak te meitsjen foar twa supermerken.
Der binne noch wol wat oerbliuwsels yn it lânskip en yn Hitsum is yn 2020 de tramkrusing opnij oanlein, mei andreaskrusen. Tusken Frjentsjer en Hitsum is de âlde trambaan foar in grut part fytspaad wurden.[1]
Haltes
(net folslein)
- Frjentsjer
- Hitsum
- Achlum
- De Gekroonde Leeuw - Arum
- Repika NTM-stasjon Frjentsjer op it plak fan it âlde NTM-stasjon
- Hitsumer Binnenpaad op de âlde spoardyk tusken Frjentsjer en Hitsum op 'e hichte fan de Tsjommer Faert
- Fytsbrêge Hitsumer Hichte oerbrêget de N384 dêr 't dizze dyk de eardere tramline ûnderbrekt.
- Lânhaad fan de tramline Frjentsjer-Arum lâns it Hitsumer Binnenpaad
- Andreaskrús fan de fannijs oanleine (sabeare) oerwei yn Hitsum ta oantinken oan de tramline.
- Lânhaden foar de brêge oer de Arumer Feart fan de tramline Frjentsjer-Arum
- Lânhaden foar de brêge fan 'e tramline Frjentsjer - Arum oer in sleat by de Achlumer Mûne.
- Eardeare spoardyk by doarpshûs De Singel yn Achlum rjochting Arum.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.