Trajanus

Markus Ulpius Trajanus (Latyn: Marcus Ulpius Traianus), 18 septimber 53 - 8 augustus 117, wie keizer fan it Romeinske Ryk (98 - 117). Under syn bewâld krige it ryk har grutste útwreiding. Hy wie de saneamde twadde fan de adoptyfkeizers en mooglik de bêste keizer dy't Rome oait hân hat.

Biografy

Jeugd en opgong

Trajanus wie de oerwûne soan fan in senator en generaal út in ferneamde Etruskysk famylje, de Ulpii. Dizze famylje hie har koart nei de Twadde Punyske oarloch fêstige yn de provinsje Baetika yn Spanje.

Trajanus waard berne yn de stêd Itálica yn Baetica en makke opgong yn it Romeinske leger as militêr. Hy die mei oan de fjildtochten fan keizer Domitianus tsjin de Germanen. Doe't dizze keizer yn 96 fermoarde waard, wie Trajanus ien fan syn wichtichste legeroanfierders en tige populêr by it leger. Nerva, de opfolger fan Domitianus hie sels gjin goeie relaasje mei it leger, dêrom adoptearre hy Trajanus en makke him ta syn kroanprins. Doe't Nerva op 25 jannewaris 98 ferstoar koe Trajanus him yn alle rêst opfolgje.

De Dasyske oarloggen

Trajanus is foaral bekend wurden as fjildhear. Yn 101 hâlde hy in strafekspedysje tsjin it keninkryk Daasje, omdat de Romeinen ûnder keizer Domitianus in oantal kearen fernederjend ferlern hiene. Trajanus late syn troepen de Donau oer en twong kening Desebalus nei in jier kriich him te ûnderwerpen oan de Romeinske macht. Trajanus hâlde in segetocht troch Rome en krige fan it folk de earetitel Dacicus Maximus.

Mar de fersleine Desebalus krige stipe fan oare naasjes benoarden de Donau en kaam tsjin de Romeinen yn opstân. Opnij kaam Trajanus mei it leger yn aksje. Diskear boude hy in brêge oer de Donau en foel Daasje binnen. De opstân fan Desebalus waard troch de Romeinen op gewelddiedige wize ûnderdrukt wêrby in grut part fan de Dasyske befolking útmoarde waard. Yn 106 hie Trajanus de Daasjers ferslein en hiel harren gebiet oermastere. De haadstêd Sarmizegetusa wie ferwoaste en Desebalus sels himsels tekoart dien. It oermastere Daasje waard as provinsje kompleet ynlive by it Romeinske ryk. Op de púnfallen fan de âlde haadstêd waard in nije stêd boud: Colonia Ulpia Traiana. Omdat de oarspronklike befolking sawat útrûge wie waard it gebiet opnij befolke mei Romeinske kolonisten.

Utwreiding nei it easten

Om deselde tiid hinne kaam der ek in ein oan it selsstannich keninkryk fan Nabatea. By de dea fan de lêste kening wie by testamint bepaald, dat it gebiet by it Romeinske Ryk komme soe. Sa ûntstie de provinsje Arabia Petrea, dy't it hjoeddeiske Jordaanje en in stikje Saûdy-Araabje omfette.

It tiidrek fan frede

De neikommende sân jierren hearske Trajanus as boarger-keizer en waard troch it folk tige wurdearre. Ek kaam der in ein oan de ferfolgings fan Kristenen. Trajanus fûn dat hja mei rêst litten wurden moasten salang at sy mar net al te opsichtich harren leauwen blike lieten. Yn hiel it ryk waard in dizze tiid in protte nije gebouwen set, û.o. it foarum dat noch hieltyd bestiet yn Rome.

Grutste omfang fan it ryk

It Romeinske ryk op har grutst

Yn 113 gie Trajanus der noch in lêste kear op út om te striden, diskear tsjin de Parthen. Oanlieding foar de kriich wie de ivige twistappel Armeenje. Al sûnt de tiid fan keizer Nearo hienen de Romeinen en de Parthen om bar de ynfloed oer Armeenje dield. Diskear kaam der in foarst op 'e troan dy't Trajanus net nei it sin wie. Hy luts it lân yn, sette de kening ôf en live it gebiet by it Romeinske ryk yn. Dêrnei kearde hy him tsjin it Parthyske Ryk sels en oermastere Mesopotaamje, earst Babylon, dan Seleucia en úteinlik Ctesiphon yn 116. Hy luts fierder oant en mei de Golfkust en ferklearre Mesopotaamje ta nije provinsje. Hy wie te âld om yn de fuotspoaren fan Aleksander de Grutte te kommen, mar luts wol Khuzestan yn dêr't er Susa oermastere en kening Osroes ôfsette en him ferfong troch in strieman: (Parthamaspates). Under it bewâld fan Trajanus hie it Romeinske Ryk har grutste útwreiding behelle en soe nea mear sa fier eastlik har macht jilde litte.

Nei dat momint gong it lykwols mei Trajanus yn de bedelte. Der wienen tsjinfallers. Oan de Tigris, êfter syn rech om, wegere it fort fan Hatra har oer te jaan en kaam it Joadske folk yn opstân. Koart dêrnei kaam ek it folk yn Mesopotaamje yn opstân en rûn syn sûnens tebek. Op it lêst fan 116 wie hy yn Silysje en waard slim siik. Hy soe oant 8 augustus 117 libje. Op syn stjerbêd joech hy it keizerskip oer oan Hadrianus, syn adoptearre soan.

Neilittenskip

Trajanus waard nei syn tiid sjoen as in soarte model-keizer. Eltse nije keizer waard oant yn de Byzantynske tiid ynhuldige mei de bea felicitor Augusto, melior Traiano (mei hy lokkiger as Gaius Julius Caesar Octavianus en better as Trajanus wêze).

Sjoch ek

  • Dasyske Oarloggen
  • Pylder fan Trajanus

Keppeling om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.