In fisuele represintaasje fan 'e trije-aktestruktuer.

De trije-aktestruktuer is in narratologysk model dat brûkt wurdt yn ferheljende fiksje. Dêrby wurdt de plot opspjalten yn trije dielen (akten), dy't gauris oantsjut wurde as it begjin, de midden en de ein, of yn it Ingelsk as setup ("opstelling"), confrontation ("konfrontaasje") en resolution ("oplossing"). De trije-aktestruktuer bestet as hiel lang en is op ferskate wizen beskreaun. De bekendsten fan dy beskriuwings binne dy fan Aelius Donatus út 'e fjirde iuw en dy fan Syd Field út 1979, yn syn boek oer it skriuwen fan senario's Screenplay: The Foundations of Screenwriting.

Earste akte

De earste akte, it begjin of de setup ("opstelling") wurdt yn 'e regel brûkt om 'e lêzer of de sjogger yn 'e kunde te bringen mei de protagonist(en) en harren sitewaasje. Let yn 'e earste akte bart der wat dat de protagonist(en) foar in probleem stelt. Dat barren wurdt wol it oanstiftingsynsidint neamt of ek wol de katalysator. It oanstiftingsynsidint liedt faak direkt, mar soms ek yndirekt ta it earste plotpoint, wêrby't it ferhaal foar de protagonist(en) in ûnferwachtse kear nimt. Dat earste plotpoint markearret de ein fan 'e earste akte.

Twadde akte

De twadde akte, de midden of de confrontation ("konfrontaasje") jout ornaris it krewearjen fan 'e protagonist(en) wer om it probleem op te lossen wêrmei't se konfrontearre wurde. Dat slagget net en it probleem wurdt allinne mar grutter. Teminsten in diel fan 'e reden wêrom't it oplossen fan it probleem yn dit stadium mislearret, is om't de protagonist(en) noch net oer de feardichheden of de kennis beskikke om 'e antagonist(en) dêr't se mei konfrontearre wurde, te ferslaan. It sykjen nei en finen fan dy feardichheden of kennis, wêrby't de protagonist(en) ornaris help krije fan bypersonaazjes, wurdt de karakterûntwikkeling neamd. Dy einiget yn in twadde plotpoint, dat de ein fan 'e twadde akte markearret.

Trêde akte

De trêde akte, de ein of de resolution ("oplossing") lit sjen hoe't de plot en alle ferhaallinen ôfrinne. It hichtepunt of de klimaks is de sêne of opienfolging fan sênes wêryn't de wichtichste spanningsbôge fan it ferhaal ta in dramatyske konklúzje brocht wurdt. De protagonist(en) bliuwe dêrtroch efter mei in nij selsbyld.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.