In Toydariaan (Watto).

Toydarianen (inkeltal: Toydariaan; Ingelsk: Toydarians) binne in fiktyf ras fan bûtenierdske wêzens út 'e Star Wars-franchise. Hja komme fan 'e mei moerassen oerdutsen planeet Toydaria, yn 'e Bûtenrâne fan it Stjerrestelsel. Dy leit yn 'e sône dy't dominearre wurdt troch de misdiesyndikaten fan 'e Hutts. Opmerklik is dat Toydarianen krekt as Hutts ymmún binne foar beynfloeding mei de Krêft, sa't dat troch Jedi en Sith dien wurdt.

Toydarianen hawwe trochinoar in lichemslingte fan in meter oant 1.20 m. Se in hawwe keale holle, mar in burd fan poddehier. Har tosken groeie oer de lippen hinne. De eagen binne lyts en de noas is eins in lyts slurfke, dat omleech hinget oer de mûle hinne. Toydarianen hawwe trije fingers oan 'e hannen en trije teannen oan 'e fuotten. Tusken de teannen hawwe se swimfluezzen. Op 'e rêch hawwe se tusken de skouderblêden twa leareftige wjukken. Op Toydaria binne fleantugen út feilichheidsomtinkens ferbean, mei't Toydarianen allegear op eigen krêft fleane; foar besikers fan oare wrâlden ride der treinen.

De hûdskleur is by Toydarianen ljochtblau boppe-op 'e holle, op 'e rêch, de wjukken, de boppekanten fan 'e earms, hannen en fuotten en de bûtenste sydkanten fan 'e skonken. Om 'e mûle hinne, ûnder it kin, op 'e búk, de ûnderkanten fan earms, hannen en fuotten en de binnenkanten fan 'e skonken binne krêm- oant bêzjekleurich.

Mei't har rûne búk foar it meastepart fol sit mei gassen, kinne Toydarianen fleane en op ien plak los fan 'e grûn hingje troch hurd mei har wjukken te klapperjen. Se hawwe twa geslachten, manlik en froulik. De krappe hiergroei op it kin en de kiel is beheind ta manlju en jout harren in wat sutereich, ûnskeard foarkommen.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

bûtenierdsk libben út Star Wars
rassen fan yntelliginte bûtenierdske wêzens
Aki-Aki Cereänen Chagrianen Dugs Ewoks Geonosianen Gorax Gunganen Hutts Iktotchi Jawa's Kaleesh Kaminoänen Kel Dor Lanniks Mandalorianen Mirialanen Mon Calamari Nautolanen Neimoïden Palliduvanen Pau'anen Quermianen Thisspiasanen Tholothianen Togruta Toydarianen Tusken-kapers Twi'leks Ugnaughts Utai Wisties Wookiees Zabraks
bûtenierdske floara en fauna
bantha fathier orbak porg rancor sarlacc tauntaun vulptex wampa
planeten út Star Wars
Ahch-To Alderaan Bespin Cantonica Cereä Champala Christophsis Corellia Coruscant Crait Dagobah Dathomir Dorin D'Qar Eadu Endor Exegol Geonosis Glee Anselm Hoth Iktotch Iktotchon Iridonia Jakku Jedha Kalee Kamino Kashyyyk Kef Bir Kessel Kijimi Lah'mu Lannik Malastare Mandalore Mimban Mirial Mon Cala Mustafar Naboo Nal Hutta Nar Shaddaa Neimoïdia Pasaana Quermia Ryloth Savareen Scarif Shili Takodana Tana Tatooine Thisspias Tholoth Toydaria Utapau Vandor Yavin
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.