
Toxopeus is de namme fan in Nederlânsk laach.
Aldst bekende nammedrager
De âldste bekende persoan mei de namme Toxopeus yn Noardwest Europa wie in Lubbertus Toxopeus (1576-1661) út it greefskip Bentheim dy't nei de reformaasje yn Burgsteinfurt yn de Dútse streek Westfalen oplaat waard ta dûmny. Hy waard yn 1600 beroppen yn Larrelt by Emden yn East-Fryslân. Dy syn soan, ds. Johannes Toxopeus (1606-1666) waard dûmny yn Oterdum by Delfsyl. Hy is de stamheit fan it laach Toxopeus yn de Nederlannen.
Ferklearring fan de namme en famyljewapen
Oer de betsjutting fan de skaainamme Toxopeus bestiet gjin oerienstimming ûnder de genealogen. De útspraak is 'toksopéjus'. Kenners fan de klassike talen bringe de namme yn ferbân mei bôgemakker, oaren mei bôgesjitter. Yn alle gefallen is it wis dat it Grykske wurd 'toxon' ('bôge') yn de namme opnommen is.[1][2][3]
De Nederlânske famylje Toxopeus hat in hânbôge yn syn wapen. It wapen fan Edzo Toxopeus (1918-2009) is yn glês yn lead oanbrocht yn in rút yn de seal fan de Deputearre Steaten yn it provinsjehûs fan Grinslân.
Bekende leden
Under oaren:
- Edzo Toxopeus (1918-2009), jurist en politikus;
- Jacqueline Toxopeus (1964-), hockeyster;
- Klaas Toxopeus (1904-1981), skipper;
- Lambertus Johannes Toxopeus (1894-1951), entomolooch en heechlearaar;
- Mees Toxopeus (1886-1974), skipper en fersetsstrider.
Keppeling nei bûten
- Famyljestichting (pdf) (deade kepp.)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|