Heksedrankje en tsjettel fan de trije heksen yn Macbeth, fan William Shakespeare, National Portrait Gallery, Londen

In toverdrank is in drankje of brousel dat in boppenatuerlike wurking hat. As sadanich wurdt it ornaris makke troch in minske mei boppenatuerlike krêften, lykas in tsjoender of in hekse, of troch in mytysk wêzen, lykas in ierdgeast, elf of draak. Toverdranken komme frij geregeldwei foar yn âlde myten en leginden (lykas it ferhaal fan Tristan en Isolde) en ek yn moderne literatuer en stripferhalen fan it fantasysjenre (lykas Harry Potter en Asterix en Obelix). Motiven foar it meitsjen fan sokke drankjes kinne wêze om oaren te betsjoenen, te genêzen of te fergiftigjen. Ut 'e mytology binne ferskate soarten toverdranken bekend, lykas leafdesdrankjes, dêr't men in oar mei fereale meitsje kin op jinsels; sliepdrankjes, dêr't men immen mei yn in djippe, koma-eftige sliep falle litte kin; en eliksers, dy't eltse sykte en ferwûning genêze kinne.

Yn it echt waard yn it ferline ek wol besocht om toverdranken te meitsjen. Sa sochten fan 'e Midsiuwen ôf de algemisten lange tiid nei it libbenselikser, dat immen it ivich libben jaan kinne soe. It omslaan mei 'toverdrankjes' waard lykwols yn 'e regel assosjearre mei hekserij en it okkulte, sa't bgl. út it toanielstik Macbeth, fan William Shakespeare, bliken docht, dat datearret fan 1606. Yn 'e njoggentjinde iuw waarden 'toverdrankjes', doe almeast oanpriizge as 'wûnderdrankjes', yn in soad lannen ferkocht troch omdoarmjende wûnderdokters, dy't útholden dat harren middel helpe soe tsjin alderhanne sykten en oare oandwanings. Uteinlik blieken sokke lju allegear kwaksalvers te wêzen, en de drankjes dy't se ferkochten, befetten gauris yngrediïnten dy't tsjintwurdich as giftich of om oare redens as min foar de sûnens beskôge wurde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.