Torquai
Polityk
LânFeriene Keninkryk
GreefskipDevon
RegioSúd West Ingelân
Sifers
Ynwennertal63.998 (2001)
Oar
Tiidsône(UTC+0)
Simmertiid(UTC+1)
Offisjele webside
Torbay Council

Torquay is in baaiplak yn it súd-Ingelske greefskip Devon. It leit oan de baai Torbay oan It Kanaal.

De pittoreske stêd hat in myld klimaat. Sadwaande lûkt it plak in protte toeristen. Torquay sels hat op it heden sa'n 55.000 ynwenners. De stêd hat him de baai bylâns útwreide en foarmet no mei de oanswettende gemeenten Paignton en Brixham de bestjoerlike ienheid (Unitary authority) Torbay, mei in ynwennertal fan likernôch 125.000.

It besjen wurdich

It museum fan de lokale natuerhistoaryske feriening hat in grutte kolleksje foarwerpen út it Paleolitikum, dy't ûnder mear út Kent's Cavern komme, in grot tichteby. Ek nijsgjirrich is de ruïne fan Torre Abbey, in abdij fan de premonstratinzers út 1196, it earste grutte gebou fan it plak.

Demografy

De folkstelling fan 2001 census lit fannijs sjen dat Torquay in soad âlderein hat, 26% fan de 63.998 ynwenners is boppe de 60 jier, yn hiel Ingelân is dat 21%. Lju ûnder de 20 jier foarmje 23% fan de befolking, yn hiel Ingelân is dat 25%.

De folgjende statistyk jildt foar hiel Torbay, dat mei Paignton en Brixham.

Boargerlike status Tal persoanen
Frijgesel (nea troud west) 26.880
Troud of fannijs troud 53.327
Ut elkoar of skieden 14.273
Widdo/widner 11.905
Religy Tal persoanen
Kristlik 98.820
Boedist 196
Hindû 66
Joadsk 159
Moslim 341
Sikh 50
Oars 476
Gjin religy 19.345
Religy net neamd 10.253

Berne yn Torquay

Dochterstêden

Ferskaat

  • Torquay wie it plak dêr't steedhâlder Willem III yn 1688 lâne.
  • Torquay foarmet de eftergrûn fan de komyske telefyzjerige Fawlty Towers.

Keppelings om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.