Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Tori Amos (2007)

Tori Amos (Newton, 22 augustus 1963) is in Amerikaansk sjongster en pianospylster dy't har eigen ferskes skriuwt en produsearret. Amosh har foarteam bestiet út Cherokee-yndianen fan har memmekant en Skotten en Ieren oan har heitekant.

Har heit wie dûmny, en doe't se in lyts famke wie spile se it oargel yn de tsjerke. ("and playing that organ must count for something, but mama, it was not my bullet") Op har 5e kaam se op it konservatoarium, dêr't se weistoerd is meidat se tefolle die wat hja sels woe en har âlden wienen net sa ryk, dus se hienen net de machtsmiddels om har it konservatoarium ôfmeitsje te litten. Ynstee dêrfan spile se yn hotels, restaurants en kroegen.

Har earste album smiet neat op, mar doe't se ûnder tafersjoch fan har platemaatskippij noch in kâns krige en har nei wenjen sette yn Ingelân, is se ferneamd wurden mei har album Little Earthquakes. Dat wie yn 1991 of 1992.

Har twadde album Under the Pink fersekere har fan eternal stardom, lokkich hie se nea safolle lêst fan stjerallures.

By har tredde album mislearre it mei de platemaatskippij en dêrom ferbruts se har kontrakt. De maatskippij joech har bygelyks net de kâns om in earste en twadde miskream te ferwurkjen. Hja moast de dei dêrnei al wer oan it wurk mei de promoasje fan har produkt.
Har sânde album Scarlet's walk kaam út op in nij lebel, lykas har albums The Beekeeper en American Doll Posse.

Tori Amos hat de organisaazje RAINN mei oprjochte en stipet dy organisaasje, "rape and incest national network", noch altiten.

Diskografy

  • Little Earthquakes (1992)
  • Under the Pink (1994)
  • Boys for Pele (1996)
  • From the Choirgirl Hotel (1998)
  • To Venus and Back (1999)
  • Strange Little Girls (2001)
  • Scarlet's Walk (2002)
  • The Beekeeper (2005)
  • American Doll Posse (2007)
  • Abnormally Attracted to Sin (2009)
  • Midwinter Graces (2009)
  • Night of Hunters (2011)
  • Gold Dust (2012)
  • Unrepentant Geraldines (2014)
  • Native Invader (2017)
  • Ocean to Ocean (2021)
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.