Toponimy as plaknammekunde is in tûke fan de taalkunde dy't it komôf en de fersprieding fan plaknammen (toponimen) besiket te finen en te ferklearjen. De toponimy is in wittenskip dy't benammen de archeology en de histoaryske geografy tsjinnet.

De toponimisten binne yn Nederlân hast allegear ferdwûn út de wittenskiplike ynstituten. Yn it ferline wiene hja ûnder oaren by it Meertens Ynstitút oan it wurk.

De toponimy hat in tal subkategoryen :

  • Toponym of plaknamme
  • Hydronym of wetterrinnamme
  • Hodonym of strjitnamme
  • Oronym of berchnamme

Toponimisten yn Nederlân en België

  • D.P. Blok
  • Karel De Flou
  • K.F. Gildemacher
  • Maurits Gysseling
  • Paul Kempeneers
  • Jan ter Laak
  • Rob Rentenaar
  • Moritz Schönfeld
  • Tjeerd Tichelaar
  • Jan de Vries
  • W. de Vries

Keppelings om utens

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.