Topeka
Polityk
LânFeriene Steaten
SteatKansas
CountyShawnee
Sifers
Ynwennertal127.473 (2010)
Oerflak147,6 km²
Befolkingsticht.863,5 / km²
Hichte288 m
Oar
Stifting5 desimber 1854
TiidsôneCST (UTC-6)
SimmertiidCDT (UTC-5)
Offisjele webside
Offisjele webside Topeka
Lizzing fan Shawnee County mei Topeka yn Kansas

Topeka (yn it Kansa: Tó Pee Kuh) is de haadstêd fan de Amerikaanske steat Kansas en ek haadplak fan Shawnee County. Yn 2000 hie Topeka 122.377 en de agglomeraasje 224.551 ynwenners. Topeka is nei Wichita, Overland Park en Kansas City de fjirde stêd fan de steat Kansas. Topeka leit oan de rivier de Kansas.

Topeka betsjut "bêste ierappels dolle" yn de taal fan de Kansa en de Ioway. De bedoelde ierappel is de prairyierappel (Psoralea esculenta), dy't wichtich fiedsel foar de yndianen wie en is. De plaknamme Topeka waard foar it earst neamd yn 1826, de namme dy't de Kansa hiene foar de rivier de Kansas. De stifters fan Topeka keazen dy namme yn 1855, omdat it "nij wie, fan Yndiaanske oarsprong en swietlûdich."[1][2] De heal-Kansayndiaan Joseph James soe de namme Topeka útsteld hawwe.[3]

Skiednis

De tornado fan 1966 yn Topeka

Yn 1854 waard Topeka stifte op it plak dêr't in feartsjisnt oer de Kansasrivier wie, 95 kilometer bewesten Kansas City. Yn 1859 waard útein set mei de bou fan it spoar tusken Topeka en Santa Fe. Hoewol't it eindoel Santa Fe net hieledal helle waard - it wienammentlik ienfâldiger om it spoar troch it súdliker Lamy oan te lizzen as troch Santa Fe dat fan hichten omjûn is - groeide it Atchison, Topeka & Santa Fe soar út ta in grutte spoarmaatskippij. Neidat Kansas yn 1861 in steat fan de Feriene Steaten waard, waard Topeka as haadstêd keazen.

Yn 1951 waard it koalbestjoer fan Topeka oanklage troch de ACLU, út namme fan it swarte skoalfamke Linda Brown, dy't oardel kilometer nei skoalle rinne moast, wylst in pear stjitten fierderop in blanke skoalle wie. De saak Brown tsjin de Underwiisried makke lang om let in ein oan de rasseskieding yn it Amerikaansk ûnderwiis.

Op 8 juny 1966 feroarsake in F5 tornado 100 miljoen dollar skea yn Topeka.

Demografy

Fan de befolking is 15,1% boppe de 65 jier en sy bestiet foar 35% út ienpersoanshúshâldings. De wurkleazens beslacht 4,4% (sifers folkstelling 2000).

It kapitool fan Kansas yn Topeka

Likernôch 8,9% fan de befolking fan Topeka is Hispanic en Latino, 11,7% is fan Afrikaanske oarsprong en 1,1% fan Aziatyske oarsprong.

It tal ynwenners gie omheech fan 120.847 yn 1990 oer 122.377 yn 2000 nei 127.473 yn 2010.

Klimaat

Jannewaris hat in trochsneed temperatuer fan -2,9 °C, yn july is dat 25,8 °C. Jierliks falt der trochstrings 894,8 mm delslach (feiten op basis fan de mjitperioade 1961-1990).

Ferskaat

  • De Amerikaanske marine (US Navy) hat trije skippen USS Topeka nei de stêd neamd.

Berne yn Topeka

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [http://www.barbburgess.com/research-topics/prairie-potato-topeka/topeka-s-roots-the-prairie-potato Topeka's Roots: the Prairie Potato — Barbara Burgess
  2. King, Dick (2005) "Topeka" rooted in spuds. Topeka Capital-Journal, 20 Nov.
  3. Connelley, William E. “Origin of the Name of Topeka.” Collections of the Kansas State Historical Society, diel 27, sd.589-593
This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.