Tony Alberda (Drachten, 23 maart 1974) is in âld Nederlânsk proffuotballer. Tsjintwurdich spilet hy foar HHC út Hurdenberch, yn de Sneons Haadklasse C.
Alberda fuotballe yn de jeugd by Fuotbalferiening Drachten, wêrnei't hy de jongereinoplieding fan SK It Hearrenfean trochrûn. Hy debutearre yn 1992 by de klub yn it earste alvetal. Alberda spile oant en mei 1995 foar It Hearrenfean. Nei it seizoen 1994/1995 gie Alberda foar FK Emmen fuotbaljen, hjir spile hy fjouwer jier wêrnei FK Grins him oanluts. Yn it seizoen 2001/2002 kaam hy foar BVO Veendam út, wêrnei't hy syn karriêre as proffuotballer stoppe.
Yn 2002 gie Alberda foar Fuotbalferiening Harkemase Boys fuotbaljen. Yn it fuotbaljier 2007/2008 luts hy nei ONS Snits, it jier dêrop kaam Alberda te spyljen by HHC Hardenberg. Ek hjir soe hy mar ien jier bliuwe, want yn it seizoen 2009/2010 gie Alberda wer fuotbaljen yn syn berteplak, by de Drachtster Boys. Sûnt it seizoen 2010/2011 is Alberda wer warber by de Harkemase Boys, útkommend yn de Topklasse.