In tomme omheech is in gebeart dat troch minsken makke wurdt mei de hân. Dêrby wurde de fingers ta in fûst opkrôle en wurdt de fûst mei kant fan 'e pink nei ûnderen holden. De tomme wurdt dan sydlings fan 'e hân útstutsen, sadat er omheech wiist. Mei dat gebeart wurdt goedkarring of ynstimming útdrukt.
By it meitsjen fan it tomme-omheechgebeart wurdt de hân almeast foar it lichem holden, deunby de búk. As men kommunisearret mei immen dy't fierder fuort is, wurdt de hân by it meitsjen fan it gebeart lykwols ornaris by it lichem wei en op hollehichte holden om it gebeart op ôfstân better ûnderskiedber te meitsjen. As men it gebeart ekstra fersterkje wol, kin men it mei beide hannen tagelyk meitsje.
It tsjinstelde fan 'e tomme omheech is de tomme omleech, dy't op deselde wize makke wurdt, mar dan mei de tomme nei ûnderen ta wizend. Dêrmei wurdt ôfkarring of ôfwizing útdrukt.
Behalven libbensliif komt it tomme-omheechgebeart ek foar as piktogram, û.m. foar kommunikaasje fia de kompjûter of de mobile tillefoan: .
De tradysje wol dat de tomme omheech fuortkomt út 'e Romeinske Tiid, doe't by de gefjochten fan gladiators yn 'e arena it publyk (of, as dy oanwêzich wie, de Romeinske keizer) kieze mocht wa fan 'e gladiators libjen bliuwe mocht. Dy kar waard oanjûn mei in tomme omheech (libben) of in tomme omleech (dea). It is lykwols eins net bekend hokker gebeart der doe krekt makke waard, mei't it inkeld oerlevere is ûnder de term pollice verso ("tommegebeart"). De tomme omheech en tomme omleech binne moderne ynterpretaasjes fan dy omskriuwing.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|