- Dizze side giet oer de grouste en koartste finger fan 'e minsklike hân. Foar oare betsjuttings, sjoch: tomme (betsjuttingsside).
De tomme (Latyn: digitus pollex) is by minsken de grouste en koartste finger fan 'e hân. Yn 'e genêskunde wurde de fingers nûmere mei Romeinske sifers begjinnend by de tomme, dy't sadwaande digitus I (digitus primus) is, ôfkoarte ta dig. I. Oars as de oare fingers hat de tomme mar twa keatsjes ynstee fan trije; dêrtoch kin er mar op ien plak bûge ynstee fan op twa plakken, lykas de 'echte' fingers. Troch it draaiberdere gewricht dêr't de tomme mei fêstsit oan 'e sydkant fan 'e hân, is de tomme lykwols dochs beweechliker as de oare fingers.
De tomme is de iennichste opponearbere finger fan 'e minske. Dat wol sizze dat er foar de oare fingers oer stiet, sadat men grypbewegings meitsje kin mei de hân, wêrby't de tomme oan 'e iene kant en de oare fingers oan 'e oare kant de beide úteinen fan 'e 'griper' foarmje. As men de tomme net brûke kin, is it sadwaande dreech om in foarwerp op te pakken. Trochdat de tomme opponearber is, kin men mei de tomme ek sûnder muoite alle toppen fan 'e oare fingers oanreitsje. Dat is in eigenskip dy't de minske dielt mei de measte oare primaten.
Lytse bern brûke de tomme by it tomkesobjen, dat yn begjinsel in ferfanging is foar it sûgen oan it memmeboarst en foar bern dêrtroch in gerêststellende gefoel opsmyt. As immen in ferhaal folslein optocht hat, seit men sadwaande wol dat er it 'út 'e tomme sûgd' hat. De tomme wurdt ek in protte brûkt foar it meitsjen fan gebearten. Sa betsjut in gebeart mei de tomme omheech dat eat goed is, wylst men de tomme omleech stekt as men wat ôfkart. Deselde gebearten betsjutte by it djipseedûken "nei boppen" en "nei ûnderen". Yn 'e Romeinske Tiid waarden dizze beide gebearten nei't it skynt oan 'e ein fan gladiatorsgefjochten yn 'e arena troch de keizer brûkt om oan te jaan oft de ferliezer libjen bliuwe mocht (nei boppen) of troch de winner om hals brocht wurde moast (nei ûnderen). It opstekken fan 'e tomme is ek in gebeart fan lifters dy't by de wei lâns om in lift freegje.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|