Tomastsjerke
bouwurk
De tsjerke yn 2022
De tsjerke yn 2022
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Súdwest-Fryslân
plak Hidaard
adresBuorren 1
bysûnderheden
type bouwurkTsjerke
boujier1873
arsjitektJ.A. Tuinenga
boustylEklektisistysk
offisjele webside
Side PKN Wommels-Hidaard

De Tomastsjerke yn Hidaard is in tsjerkegebou fan de protestantske gemeente Wommels-Hidaard. De tsjerke wurdt regelmjittich brûkt foar tsjerketsjinsten.[1]

Skiednis

Doopfont, makke troch Jan Murk de Vries

De hjoeddeiske tsjerke is de tredde tsjerke fan Hidaard. De earste tsjerke soe yn it jier 1303 boud wêze en waard yn 1508 ferfongen troch nijbou. De tsjintwurdige tsjerke waarde yn 1873 neffens in ûntwerp fan J.A. Tuinenga boud. It tuorke boppe de westlike gevel hat in achtsidige spits mei laaien.

Ynrjochting

By de restauraasje fan de tsjerke waard de grêfsark fan de lêste abt fan it sistersjinzerske kleaster Blomkamp fûn. Tomas fan Grins ferstoar op 3 augustus 1599 en waard yn it koer fan de tsjerke begroeven. Syn sark krige nei it weromfinen in steand plak yn de tsjerke. Jan Murk de Vries makke yn 1965 it doopfont fan de tsjerke.

Oargel

It ienmanualige oargel mei oanhongen pedaal datearret fan 1935 en waard troch Bakker & Timmenga út Ljouwert boud.

Sjoch ek

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.