In tomahawk (útspr.: ['tɔmǝhɔ:k]) is in soarte fan bile dy't syn oarsprong fynt by de Noardamerikaanske Yndianen, en dy't derút sjocht as in hakbile mei in rjochte stâle. In tomahawk-stâle is yn 'e regel heechút 60 sm lang, en tradisjoneel makke fan eske-, eskdoarn- of nutehout. It blêd weaget ornaris tusken de 260 en 570 g, mei in snijrâne dy't meastal net folle langer is as 10 sm. De bilekop (oftewol de rêchside fan it blêd) kin de foarm fan in hammer of in skerpe pjuk hawwe, of kin gewoan rûn wêze.
Etymology
De namme komt fan it wurd tamahaac, út 'e Algonkwynske Pouhattan-taal, dat weromgiet op 'e Proto-Algonkwynske woartel *temah-, dat "ôfsnije mei ark" betsjut. Besibbe talen hawwe soartgelikense wurden (bgl. Delawêr tǝmahikan, Malisiit tomhikon, Abenaky demahigan), dy't allegear fan "bile" betsjutte. As lienwurd krong dizze term yn 'e santjinde iuw it Ingelsk binnen, en dêrwei hat er him sûnt ferspraat nei in ferskaat oan oare Westerske talen.
Skiednis
Foar de Yndianen, en teffens foar blanke kolonisten, wie de tomahawk sawol in tige handich wurktúch, dat brûkber wie foar in ferskaat oan putsjes, as in wapen dat yn man-tsjin-mangefjochten brûkt waard, en teffens om mei te smiten. Foàr de oankomst fan 'e Jeropeänen wie it bileblêd fan tomahawks yn it prehistoaryske Noard-Amearika makke fan skerpe of rûne stien of fan sniene stikken hartegewei. Sokke blêden waarden mei bistepizen oan 'e houtene stâle befêstige. Al hiel gau nei de komst fan 'e earste blanke kolonisten die lykwols it metalene bilebled syn yntrede.
By Yndiaanske tomahawks hie de bilekop soms de foarm fan in pipekop, en wie der in gat troch de stâle boarre, sadat it gehiel ek as piip tsjinje koe, foar it smoken fan tabak. Sokke piip-tomahawks waarden gauris makke troch blanken, foar it inkele doel om se as diplomatike geskinken oan Yndiaanske foaroanlju te jaan. Soks hie njonken de monetêre wearde ek in symboalyske betsjutting; it stie foar de kar dy't sawol blanken as Yndianen meitsje moasten as hja inoar metten: de fredespiip smoke of de wapens (tomahawk) opnimme.
Yn 'e twadde helte fan 'e achttjinde iuw dielde it Britske leger ûnder de Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch foar it earst tomahawks út oan syn manskippen, om har sawol ta wapen as ta ark te tsjinjen. Yn 'e moderne tiid waarden tomahawks op 'e nij as oarlochswapen en ark brûkt troch Amerikaanske elitetroepen yn 'e Fjetnamoarloch. Dêrfandinne dat militêre tomahawks tsjintwurdich bekendsteane as "Fjetnam-tomahawks". Orizjinele Fjetnam-tomahawks út 'e jierren sechtich binne tsjintwurdich trouwens seldsume sammeldersfoarwerpen, dy't hege prizen opbringe. Ek Amerikaanske troepen yn Irak en Afganistan binne/wiene mei tomahawks tarist.
Sport
Tomahawk-smiten is in populêre sport ûnder de leden fan Amerikaanske histoaryske weropfieringsgroepen (dy't dus histoaryske foarfallen, meastal fjildslaggen, neispylje). Nije fjochtsporten, lykas okichitaw, binne úteinset mei it nij libben ynblazen fan tomahawk-fjochterstechniken út it koloniale tiidrek. Tomahawk-smite is ek in kategory binnen de wedstrydsport messmite.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |