Toerako-eftigen
In wytbúktoerako (Corythaixoides leucogaster)
In wytbúktoerako (Corythaixoides leucogaster)
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang:trapfoarmigen (Otidimorphae)
skifttoerako-eftigen
   (Musophagiformes)
Seebohm, 1890

De toerako-eftigen (Latynske namme: Musophagiformes) foarmje in skift fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae) en it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves). Dit skift bestiet mar út ien inkele famylje, nammentlik dy fan 'e toerako's (Musophagidae), dy't sels wer útinoar falt yn trije ûnderfamyljes. Yn fersprieding binne de toerako-eftigen beheind ta Afrika besuden de Sahara.

De toerako-eftigen binne nau besibbe oan 'e koekoekeftigen (Cuculiformes) en de trapeftigen (Otidiformes). Foarhinne waarden se faak ûnderbrocht yn it skift fan 'e koekoekeftigen, mar resinte genetyske analyze wiist der sterk op dat de toerako-eftigen as taksonomyske groep op deselde hichte steane as de koekoekeftigen. Sadwaande is de noch rangleaze groep fan 'e trapfoarmigen (Otidimorphae) foarsteld om dy beide nau besibbe groepen mei de trapeftigen yn ûnder te bringen.

Skiftopbou

  • skift toerako-eftigen (Musiphagiformes)
    • famylje toerakofûgels (Musiphagidae)
      • ûnderfamylje banane-iters (Criniferinae)
      • ûnderfamylje echte toerakofûgels (Musiphaginae)
      • ûnderfamylje reuzetoerakofûgels (Corythaeolinae)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.