Toerakofûgels
In wytwangtoerako (Tauraco leucotis)
In wytwangtoerako (Tauraco leucotis)
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:fûgels (Aves)
ûnderklasse:moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse:nijkakigen (Neognathae)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
sûnder rang:trapfoarmigen (Otidimorphae)
skifttoerako-eftigen
   (Musophagiformes)
famylje:toerakofûgels (Musophagidae)
Lesson, 1828

De toerakofûgels of toerako's (Latynske namme: Musophagidae) foarmje in famylje fan 'e klasse fan 'e fûgels (Aves), de ûnderklasse fan 'e moderne fûgels (Neornithes), de tuskenklasse fan 'e nijkakigen (Neognathae), it boppeskift fan 'e nije fûgels (Neoaves), de noch rangleaze groep fan 'e trapfoarmigen (Otidimorphae) en it skift fan 'e toerako-eftigen (Musophagiformes). De toerakofûgels binne de iennichste famylje fan 'e toerako-eftigen, en sadwaande binne se it naust besibbe oan 'e koekoekeftigen (Cuculiformes) en de trapeftigen (Otidiformes). Foarhinne waarden de toerakofûgels faak ûnderbrocht yn it skift fan 'e koekoekeftigen, mar resinte genetyske analyze wiist der sterk op dat se in selsstannige groep foarmje.

Beskriuwing

Toerakofûgels binne middelgrutte fûgels dy't yn beammen libje en yn harren fersprieding beheind binne ta Afrika besuden de Sahara, dêr't se rûnom foarkomme yn wâlden en op savannes. Se kinne mar swakjes fleane, mar drave nammenste flugger troch de beamtoppen. It binne sosjale stânfûgels, dy't yn famyljegroepen libje fan op syn measten tsien eksimplaren. Mei in protte soarten fan 'e toerakofûgels is it sa dat se in soad leven meitsje, en fuortjeiers (Corythaixoides) en wytbúktoerako's {Criniferoides) steane yn it bysûnder bekend om harren skrille alaarmrop, wêrmei't se net inkeld soartgenoaten, mar alle fauna yn harren neite warskôgje foar rôfdieren of minsklike jagers.

Toerakofûgels bouwe in grut nêst fan tûkjes, dêr't se 2-3 aaien yn lizze. Dêr komme de piken út mei in tsjûke dûnslaach en iepen of hast-iepen eachjes. Toerakofûgels frette foar it meastepart fruchten, mar dêrnjonken ek wol blêden, blêdknoppen en blommen. Altemets folje se har menu oan mei ynsekten en slakken. Se meie fral graach bananen en kinne, as se troch minsken fuorre wurde, sa nuet wurde dat se út 'e hân ite. Behalven bananen litte se ek druven en papaya's net stean.

Famylje-opbou

  • famylje toerakofûgels (Musiphagidae)
    • ûnderfamylje banane-iters en fuortjeiers (Criniferinae)
      • skaai banane-iters (Crinifer)
        • bânsturtbanane-iter (Crinifer zonurus)
        • grize banane-iter (Crinifer piscator)
      • skaai fuortjeiers (Corythaixoides)
        • maskertoerako (Corythaixoides personatus)
        • skiere toerako (Corythaixoides concolor)
      • skaai wytbúktoerako's (Criniferoides)
        • wytbúktoerako (Criniferoides leucogaster)
    • ûnderfamylje echte toerakofûgels (Musiphaginae)
      • skaai fiolette toerako's (Musophaga)
        • fiolette toerako (Musophaga violacea)
        • Lady Ross' toerako (Musophaga rossae)
      • skaai gielsnabeltoerako's (Pseudopoetus)
        • gielsnabeltoerako (Pseudopoetus macrorhynchus)
      • skaai griene toerako's (Tauraco)
        • bannermantoerako of Bannermans toerako (Tauraco bannermani)
        • fischertoerako of Fischers toerako (Tauraco fischeri)
        • griene toerako (Tauraco persa)
        • hartlaubtoerako of Hartlaubs toerako (Tauraco hartlaubi)
        • Knysnatoerako (Tauraco corythaix)
        • livingstonetoerako of Livingstone's toerako (Tauraco livingstonii)
        • poarpertoeftoerako (Tauraco porphyreolophus)
        • prins Ruspoli's toerako (Tauraco ruspolii)
        • readtoeftoerako (Tauraco erythrolophus)
        • schalowtoerako of Schalows toerako (Tauraco schalowi)
        • swartsnabeltoerako (Tauraco schuettii)
        • wyttoeftoerako (Tauraco leucolophus)
      • skaai Rûwenzoarytoerako's (Gallirex)
        • Rûwenzoary-toerako (Gallirex johnstoni)
      • skaai wytwangtoerako's (Menelikornis)
        • wytwangtoerako (Menelikornis leucotis)
    • ûnderfamylje reuzetoerakofûgels (Corythaeolinae)
      • skaai reuzetoerako's (Corythaeola)
        • reuzetoerako (Corythaeola cristata)
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.