Toatemisme is in ferskynsel dat foarkomt by in grut tal folken dy’t natoerreligys belide. It is de oantsjutting foar de spesjale relaasje tusken in bist of bistesoart, in toatem, en in minske of in kloft minsken.
By ien minske giet it almeast om in persoanlike beskermer of helper yn ’e foarm fan in bist of bistesoart, wylst men yn it gefal fan in kloft minsken - faak in clan of in hiel folk - almeast leaut fan it oangeande bist ôf te stamjen.
Oarsprong
It wurd “toatem” is ôflaat fan ’e Ojibwa-wurden makwa nindotum, dat letterlik “myn clan is de bear” betsjut. Toatemisme komt fuort út in by natoerfolken besteand besef fan lykweardichheid of sels besibskip fan minske en bist, dat op trije ûnderskate grûnslaggen rêst. Bisten hawwe ommers ûntsachlike krêften en fermogens dy’t dy fan minsken faak fier te boppe geane kwa krêft, faasje, ensfh. Ek meitsje in protte bisten út harsels al in mysterieuze yndruk - de poatleaze slange bygelyks - dy’t omslaan kin ta in kultyske ferearing. En boppedat binne de measte natoerfolken fan oarsprong ôfhinklik fan bisten foar harren libbensûnderhâld, fan wylde bisten foar de jacht of fan domestisearre bisten foar, al as net nomadyske, feehâlderij.
Nau oan toatemisme besibbe is bisteferearing of soölatry, dêr’t bisten by fereare wurde sûnder dat der in spesjale relaasje tusken it fereare bist en de ferearder hoecht te bestean.
Relaasjes mei toatems
Bisten
In foarbyld fan toatemisme is de spesjale relaasje dy’t de See-Dayaks fan Sarawak en westlik Kalimantan hawwe mei de noashoarnfûgel, dy’t se “de grutte fûgel fan foartekens” neame en dêr’t se, nettsjinsteande dat se tsjintwurdich foar it grutste part kristlik binne, noch altyd op sette tiden in ymposant feest, it Gawai kenyalang, foar hâlde. In oar foarbyld wurdt foarme troch de Dinka en Nuer fan Súd-Soedaan, dy’t nomadyske feehâlders binne en dy’t in tige spesjale bân mei har kij ûnderhâlde; sa leauwe se bygelyks dat de earste minske en de earste ko tagelyk skepen waarden. By de Aboriginals fan Austraalje wurdt de bân tusken de minsken en harren foarâlderlike wêzens foarme troch dreamen en toatems. Elkenien hat in eigen toatem, dat fan alles wêze kin, fan in rûp oant in kangeroe.
Ek yn Noard-Amearika wie toatemisme foarhinne in rûnomfoarkommend ferskynsel. Sels as it net om jins persoanlike of stamtoatem gong, waarden bisten dêre mei in grut respekt bejegene. De Cree, fan sintraal Kanada, bygelyks, brochten soenoffers oan ’e geasten fan ’e bisten dy’t se deadzje moasten om sels te oerlibjen. Fierders waarden de koppen fan einen en guozzen en de tosken fan kariboes en elanden himmele en bewarre, net as trofeeën of amuletten, mar earder as utering fan respekt foar de geasten fan ’e bisten oer. Ut deselde reden waarden ek de bonken fan bevers skjinmakke en yn streamend wetter smiten en waarden klauwen en skedels fan bearen himmele, drûge en beskildere, om dêrnei yn beammen set te wurden. Benammen bearen stienen by de Cree yn heech oansjen.
Planten en saken
Soms bestiet de toatemrelaasje net mei in bist of bistesoart, mar mei in plant, plantesoart of ding. De Abénaki út súdeastlik Kanada, bygelyks, hienen sa’n relaasje mei de bjirk, dy’t foar harren en oare Yndiaanske bosklânstammen fan grut belang wie om’t se der harren kano’s fan makken. De Abénaki neamden de bjirk Gluskabe, nei ien fan harren godlike helden, dy’t neffens de leginde de beam frege hie foar de minsken te soargjen.
Rituëlen
De bân mei de toatem kin ta utering komme yn beskate riten. By de Konso, fan súdwestlik Etioopje, komt bygelyks in foarm fan toatemisme foar, dêr’t it toatembist ritueel by slachte en opiten wurdt, sadat de bân tusken minske en toatem fuortsterke wurdt en de krêft fan ’e toatem oergiet op ’e minsken.
De Ainû, fan noardlik Japan en de Koerilen, hawwe in spesjale relaasje mei de bear. It wichtichste en langst duorjende dêrútfuortkommende ritueel is it soarchfâldich grutbringen fan in fongen bearejong, dat dêrnei mei omstandich seremonieel deade wurdt. Dêrby giet it derom dat it bist, dat as in fertsjintwurdiger fan ’e bearegod beskôge wurdt, geunstich stimd wurdt, sadat it goede berjochten oer de minsken oan ’e godheid oerbringe sil. Dizze saneamde bearekultus komt ek by guon Sibearyske folken foar.
Meastal meie de minsken harren toatem lykwols perfoarst net ite of deadzje. Dat wie en is noch wol sa by de Kanaken fan Nij-Kaledoanje. Dy leauwe boppedat ek dat dingen dy’t yn drekt ferbân mei de toatem steane, der troch beynfloede reitsje en hillich wurde. Ek yn it prekristlike Samoa wie it deadzjen of iten fan jins toatem op it strangst ferbean. Elkenien hie dêr in persoanlike toatem, in aitu. Sa’n aitu koe in fisk, in fûgel of in lândier wêze. Ek hjoed de dei leauwe in protte Samoanen noch wol yn aitu’s, mar dan yn ’e betsjutting fan ûndogenske of omdoarmjende geasten.
Ofwikende foarmen
Ek minder algemiene toatemrelaasjes komme foar. Sa leauden de Azteken fan sintraal Meksiko yn saneamde tonos, dierlike dûbelgongers fan ’e minsken. En de Sidama, fan súdwestlik Etioopje, leauwe dat pytons ynkarnaasjes binne fan harren foarâlden en hâlde se dêrom wol as húsdieren.
Sjoch ek
- Natoerreligys
- Sjamanisme
- Taboe
- Toatempeal
Literatuer
- J. Bowker, Een wereld van religies, Kampen, 1999.
- R. Collins, ûnder redaksje fan, Indianen - De oorspronkelijke bewoners van Noord-Amerika, Amsterdam, 1995.
- Die Religion in Geschichte und Gegenwart - Handwörterbuch für Theologie und Religionswissenschaft, Tübingen, 1957-1962.
- M. Eliade en I.P. Couliao, Wereldreligies in kaart gebracht, Utert, 1992.
- H. Finlay en oaren, Australia, Hawthorn, 1998.
- Gordon, F.L., Ethiopia, Eritrea & Djibouti, Hawthorn, 2000.
- Grote Winkler-Prins encyclopedie, Amsterdam/Antwerpen, 1979-1994.
- W. Kielich, Volken en Stammen - Indonesië, Amsterdam, 1976.
- L. Logan en G. Cole, New Caledonia, Hawthorn, 1997.
- J. Noble en oaren, Mexico, Hawthorn, 1998.
- Chr. Taylor en oaren, Japan, Hawthorn, 1997.
- D. Talbot en D. Swaney, Samoa, Hawthorn, 1998.
- P. Turner, Chr. Taylor en H. Finlay, Malaysia, Singapore & Brunei, Hawthorn, 1996.
- P. Turner en oaren, Indonesia, Hawthorn, 1997.
- H. Wouters, Volken en Stammen - Noord-Amerika, Amsterdam, 1974.