In muzyknoat (of koartwei noat) is in teken of namme (Latyn: nota) om de toanen yn de muzyk nei harren tiidsfolchoarder en doer op te skriuwen of te beneamen. De foarm fan de noat bepaalt de relative doer fan de toan en de hichte fan de troch in noat oanjûne toan wurdt bepaald troch it plak fan de noatkop op de noatebalke, de sleutel, foartekening en alteraasjes, yn kombinaasje mei de stimming.
Noaten en toetsen
Elke toan wurdt fertsjintwurdige troch wat derút sjocht as in tsjokke punt op in rige linen. Dêrby wurdt de toanhichte oanjûn troch de hichte fan de punt op ‘e rige. Yn ôfbyld 1 is dat oanjûn foar in rige aloan heger wurdende toanen. Oan elke noat sjogge wy in lyts streepke, de hals, wêrmei’t de langte oantsjut wurdt.
Tagelyk is dêrboppe oanjûn, hoe’t de toanen oerienkomme mei de wite toetsen fan in piano. Dêrby fertsjintwurdiget de linker toets de sintrale C (c') of slot-C, dy’t midden op it klavier sit, faak by it slot, dat yn pears oanjûn is. By in elektrysk keyboard is dät de earste C rjochts fan de begeliedingstoetsen.
Sa’n rige toetsen as b.g. c' d' e' f' g' a' h' c" omfettet in skjin oktaaf, dus in ynterfal mei tolve healtoanstappen, hjir links it ienris strepe oktaaf (ek c’d’ ens.) en rjochts it twaris strepe oktaaf (ek c” d” ens.) . De moaie krol alhiel links hjit fioelkaai of g-kaai, om’t dy mei syn grutste krol krekt de hichte fan de g'-noat omsirkelt.
Mear oktaven
Yn ôfbyld 2 is rjochts nochris it ienris strepe oktaaf oanjûn, mei it slot en dan links dêrfan noch twa oktaven mear, earst it lytse oktaaf en dan hielendal links it grutte oktaaf. Om dy te skriuwen, moat men noch in twadde rige linen ha, ûnder de oaren. Foar dy rige stiet dan noch wer in oare kaai, de baskaai of f-kaai, om’t dy de lytse f omsirkelt.
Fierder sjogge wy yn dit ôfbyld yn de linerigen de rjochtopsteande strepen mei merktekens 2 3 4 5 6, dy’t de mjitte oanjouwe.
De swarte toetsen
De swarte toetsen hawwe toanen, dy’t tusken dy fan de wite toetsen lizze. Om dy yn it noateskrift oan te jaan, brûkt men de foartekens: it krús (1), it herstellingsteken (2) en de mol ("b") (3).
Om no b.g. de swarte toets rjochts fan de G oan te jaan, set men der in krús (1) foar, wêrtroch’t de noat ferhege wurdt ta in Gis, lykas yn it ôfbyld mei in reade line oanjûn is. Dat jildt dan foar dy noat elke kear dêrnei (yn it ôfbyld dus twaris), oan’t men in herstellingsteken (2) set. Sa binne der ek Ais, Cis, Dis en Fis by A, C, D en F.
Wol men dêrfoaroer in toan ferleegje, dan set men in mol (b) derfoar, wat oerienkomt mei de swarte toets lofts fan de G. Sa kriget men in Ges, wat wer jildt oan’t it herstellingsteken. Op deselge wize kriget men As, Bes, Des, Es by A, B, D en E.
As men no op it klavier fan ‘e piano sjocht, dan falt op, dat b.g. As en Gis op ien toets lizze, ek Es en Dis en sa fierder. By de Pythagoryske stimming wie der noch n lyts ûnderskied, as men yntervallen mei help fan beskate ferhâldings fan snarelangten berekkent. Tsjintwurdich op ‘e piano is dat ûnderskied der net mear, dêr is nammentlik ienfâldich it oktaaf yn tolve healtoanstappen lykmjittich yndield, dêr is dan b.g. As en Gis wier itselde. Mar krekt nommen is der in ûnderskied, men neamt dat Enharmoanyske Ferwikseling. As men dus As enharmoanysk ferwikselt, is dat Gis; as men Dis enharmoanysk ferwikselt, kriget men Es en sa giet dat oeral.
Lange en koarte noaten
Oan’t no hiene wy tichte (swarte) noaten mei in hals en dêrfan binne der hjir fjouwer yn in mjitte. Dêrom binne dat fjirdelnoaten. Der binne lykwols ek hiele noaten; dy binne iepen (wyt) en dêrfan past mar ien yn in mjitte. Sa binne der ek heale noaten (iepen mei in hals), wêrfan’t dan twa yn in mjitte passe. As men dêr in punt efter set, is dat in trijfjirdelnoat, dy’t dan tegearre mei in fjirdelnoat yn in mjitte past. En dan hat men noch achtelnoaten, dat binne de tichte mei in flage oan ‘e hals. En sa binne der ek 1/16, 1/32 en 1/64 noaten mei elk twa, trije of fjouwer flagen. By meardere noaten efterinoar kinne dy troch strepen ferbûn wêze.
Pauzes
Tusken de noaten wurdt ek wolris skoft makke en dat wurdt oanjûn mei pauzetekens, dy’t de langte fan in pauze oanjouwe op deselde wize as by de noaten. Yn de ôfbylding binne nochris de ferskate noatelangten oanjûn, mei dêrûnder de pauzes fan deselde langte.
Mjitte
By de Mjittesoarte hearre de noaten tusken de rjochtopsteande strepen byinoar. Steane fjouwer kwartnoaten yn in mjitte, dan is dat Fjouwerkwartsmjitte, oanjûn mei 4/4 of C by it begjin. Sa is der ek Trijkwartsmjitte (3/4), Twakwartsmjitte (2/4) usw. Hjir njonken binne der foarbylden fan jûn.