Toalen (Nederlânsk: Tholen; Siuwsk: Tole) is in eilân yn it noardeastlike diel fan 'e Nederlânske provinsje Seelân. It hat in oerflak fan likernôch 125 km² en in befolking fan krapoan 22.900 minsken (yn 2011), wat delkomt op in befolkingstichtens fan 183,2 minsken de km². Mei it eardere eilân (no in skiereilân) Sint-Filipslân foarmet it eilân Toalen de gemeente Toalen. It grutste plak en haadplak fan it eilân hjit, betiizjend genôch, ek fan Toalen. Op it eilân wurdt noch in eigen Siuwsk dialekt sprutsen: it Toalsk, dat nau besibbe is oan û.m. it Filiplânsk, it Skousk en it Duvelânsk, dêr't it de Noardsiuwske dialektgroep mei foarmet.
Geografy
Toalen wurdt yn it noarden troch de Krabbebeek skaat fan Sint-Filipslân, al is dat eardere eilantsje sûnt 1973 mei Toalen ferbûn troch de Krabbebeekdaam. Yn it noardwesten foarmje it Mastgat en it Keatling de skieding mei Skouwen-Duvelân, wylst de Easterskelde Toalen yn it westen skiedt fan Noard-Bevelân en yn it súdwesten en suden fan Súd-Bevelân. Yn it uterste súdeasten grinzget Toalen deunby Bergen op Seam oan 'e Seammar, en yn it easten skiedt it Skelde-Rynkanaal it eilân fan it fêstelân fan Noard-Brabân. Behalven troch twa brêgen oer it Skelde-Rynkanaal wurdt Toalen ek mei de bûtenwrâld ferbûn troch de Oesterdaam, dy't tagong jout ta it uterste easten fan Súd-Bevelân.
Der lizze sân doarpen op Toalen:
- Ald-Foksemar (Oud-Vossemeer)
- Poartfliet (Poortvliet)
- Sint-Annalân (Sint-Annaland)
- Sint-Martensdyk (Sint-Maartensdijk)
- Skerpenisse (Scherpenisse)
- Steavenisse (Stavenisse)
- Toalen (Tholen)
Dêrnjonken binne der ek noch twa útbuorrens: Botshaad (Botshoofd) en Westtsjerk (Westkerke).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.
|