Tjarko Meyer (Lucas) Cramer (Manslagt, 1 juny 1780 - Rome, 26 april 1812) wie in Dútske keunstskilder. Hy waard benammen bekend fan syn skilderij fan de finzennimming fan Ocko I tom Brok troch Focko Ukena yn 1427. It grutste part fan syn wurk wurdt as ferlern beskôge.
Libben en wurk
Tjarko Meyer (Lucas) Cramer wie de âldste soan fan de ûnderwizer Albert Dircks Cramer en in dochter fan de Manslagter predikant Tjarko Meyer. Hy hie fjouwer bruorren, fan wa't der twa ek skilderen en fan wa't skilderijen en tekeningen bewarre bleaun binne.
Koart skoft nei syn berte moat de húshâlding nei Emden ferhuze wêze, dêr waard Tjarko grutbrocht. Dêr learde de pleatslike skilder Peter Anton Honsberg him de grûnbegjinselen fan it skilderjen. Sa't it like hied er súkses mei't in groep keunstleafhawwende freonen fan de famylje him de nedige lessen oan de Keninklike Deenske Keunstakadeemje (Det Kongelige Danske Kunstakademi) yn Kopenhagen foar him betelle. Hy skreau him wierskynlik yn de maitiid fan 1800 yn en studearre dêr de folgjende achttjin moannen. Syn lêste wurk wie in selsportret, dêr't er op 5 oktober 1801 de lytse sulveren medalje fan de Akademy foar krige.
Dêrnei gong er foar koarte tiid werom nei Emden, wie in lyts jier yn Berlyn en ferhuze lang om let yn'e hjerst fan 1803 nei Dresden. Dêr wurke er as kopiïst yn de Galery fan Alde Masters (Gemäldegalerie Alte Meister). Hy folde syn ynkommen oan mei kopyen fan Italjaanske masters en skilderijen fan Rubens, dy't er yn Emden ferkocht. Dêrtroch waard er ferneamd yn East-Frylân en krige dêr yn 1803 syn meast wichtige opdracht: De Ostfriesische Landschaft joech him opdracht in skilderij te meitsjen fan it fêstnimmen fan Ocko tom Brok nei de Slach op de Wylde Ikkers yn 1427 en betelle him dêr de som fan 400 gûne foar.
Dochs bleau Cramer net yn East-Fryslân. Yn 1804 reizge er earst nei Switserlân en dêrwei troch Italië nei Rome, dêr't er ûnder oaren Caroline en Wilhelm von Humboldt en de Deenske byldhouwer Bertel Thorvaldsen trof. Ek yn Rome foltôge er opdrachten út East-Frylân, sa as in foarstelling fan de Ferrizenis, dy't oant de brân fan 1943 in grut alterstik wie yn de katolike tsjerke yn Emden.
Yn 'e neisimmer fan 1808 ferliet Cramer Rome en hearde yn Switserlân dat de krekt oprjochte Koninklijke Academie van Beeldende Kunsten yn De Haach him as beurshâlder oannommen hie. De beurs hold ek in ferbliuw fan twa jier yn Rome yn, dat Cramer gie daalks nei Rome werom. Mar in jier letter waard er slim siik.
Dat hie gefolgen foar syn wurk, sadat er net langer foldwaan koe oan de betingsten fan de Nederlânske Akadeemje. Yn maart 1811 waard syn stúdzjebeurs ôfsein. Yn de betide simmer makke er syn lêste reis nei Napels. Nei syn weromkommen yn Rome rekke syn sûnens fierder yn it delgean. Hy waard al gau bêdlegerich. Yn dy tiid bekearde er himsels ta de katolike tsjerke, waard doopt, naam de namme Lukas oan en waard fjouwer dagen letter befêstige. Syn sûnens gie hieltyd fierder tebek en úteinlik stoar er op 26 april 1812 oan de sykte. Twa dagen letter waard er beïerdige yn de tsjerke fan Sant'Andrea della Fratte.
Bewarre wurk
- Graf Gerd von Oldenburg bei Cirk von Friedeburg. 1802 (kolleksje Ostfriesisches Landesmuseum Emden)
- Ocko tom Brock wird nach der Niederlage in der Schlacht auf den Wilden Äckern (1427) gefangen vor Focko Ukena geführt. 1803 (besit Ostfriesischen Landschaft Aurich)
- Portret fan Conrad Barinck (predikant fan de minnistegemeente Amsterdam). 1803 (besit fan Minnistegemeente Amsterdam)
- Portret fan Wilhelm Krull (grifformearde predikant fan de gemeente Emden). 1803 (besit Reformierten Kirche Emden).
Literatuer
- Erich von Reeken: Berühmte Butenostfriesen. Kurze Lebensberichte, zusammengestellt und herausgegeben von Erich von Reeken. Leer. 1984. s. 66–68
Keppeling om utens
- (dú) Wiidweidige biografy
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|