Titania | ||
De Rûzje fan Oberon en Titania, in skilderij fan Joseph Noel Paton (±1849). | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
sekse | froulik | |
soarte personaazje | fee | |
berop/amt | keninginne fan 'e ierdgeasten | |
oare ynformaasje | ||
besibbe personaazjes | Mab | |
geastlike heit | William Shakespeare | |
ûntstean | 1590 – 1596 |
Titania is in fiktyf personaazje út it toanielstik In Midsimmernachtdream, fan 'e let-sechstjinde-iuwske Ingelske skriuwer William Shakespeare. Hja wurdt yn dat stik opfierd as in tsjeppe fee, en de keninginne fan 'e ierdgeasten. Fanwegen de grutte ynfloed fan Shakespeare syn wurk op 'e Westerske kultuer is Titania neitiid faak oernommen as de namme fan feeëkeninginnen yn oare literêre wurken.
Oarsprong fan 'e namme
Hoewol't it personaazje fan 'e feeëkeninginne ek foar de tiid fan Shakespeare al foarkaam yn folksferhalen en literatuer, hie se doe gjin namme. Shakespeare ûntliende de namme 'Titania' oan 'e Metamorphoses fan 'e Romeinske skriuwer Ovidius, dêr't it in oantsjutting is foar de dochters fan 'e titanen.
Neiere beskriuwing
De Titania fan In Midsimmernachtdream is in tige grutsk wêzen, en like machtich as har oarehelte, Oberon. Yn it toanielstik binne Titania en Oberon behelle yn in rûzje oer de fraach wa fan harren beiden oft sizzenskip hawwe moat oer in minsklike tsjinstfeint, dy't se fan syn mem stellen hawwe yn ruil foar in wikselbern. De rûzje tusken Titania en har oarehelte leit te'n grûnslach oan alle betizing en misse setten fan 'e oare personaazjes. Sa stjoert Oberon syn tsjinner Puck om Titania in leske te learen, wêrnei't se troch in betsjoening fereale rekket op 'e sljochtwei ambachtsman Nick Bottom, dy't troch in oare betsjoening fan Puck de holle fan in ezel kriget.
Lettere ferskinings
Neitiid figurearre Titania yn in grut tal literêre en oare wurken:
- Yn it epysk gedicht The Faerie Queene (1590-1596), fan Edmund Spenser, is it titelpersonaazje in ôfstammelinge fan Titania.
- Yn Faust (1808), fan Johann Wolfgang von Goethe, fiere Titania en Oberon harren gouden brulloft.
- Yn 'e opera Oberon (1826), fan Carl Maria von Weber, komme Titania, Oberon en Puck ek foar, mar dat ferhaal spilet yn 'e tiid fan Karel de Grutte.
- Yn it Robin Hood-ferhaal The Foresters (1892), in toanielstik fan Alfred Lord Tennyson, komt in koart stikje oer keninginne Titania foar.
- Yn 'e romansearje The Dresden Files, fan Jim Butcher, dy't ta it sjenre fan 'e urban fantasy heart, is Titania de keninginne fan 'e Seelie-ierdgeasten fan it Simmerhôf, en dêrmei de wjergader fan Mab, de keninginne fan 'e Unseelie-ierdgeasten fan it Winterhôf.
- Yn 'e manga en anime The Ancient Magus' Bride (魔法使いの嫁, Mahō Tsukai no Yome) komt Titania foar as keninginne fan 'e ierdgeasten.
Nei Titania is fierders Titania ferneamd, ien fan 'e moannen fan 'e planeet Uranus.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |