Tintagel
Haadstrjitte Tintagel
Haadstrjitte Tintagel
Polityk
LânFeriene Keninkryk
RegioSúdwest Ingelân
GreefskipCornwall
Sifers
Ynwennertal1.727
(Civil Parish, 2011)
Oar
TiidsôneUTC
SimmertiidUTC
Offisjele webside
[]
Oerbliuwsel fan Tintagel Castle
It âld postkantoar (14e iuw)

Tintagel is in civil parish en doarp yn it Ingelske greefskip Cornwall; it leit oan de Atlantyske noardkust fan Cornwall; it hat 1820 ynwenners.

It doarp en syn kastiel wurde yn ferbân brocht mei legindes oer Kening Arthur en de ridders fan de Rûne Tafel. It doarp is hjoeddeisk in trekplaster foar toeristen wurden. Sy komme út de hiele wrâld.

Toponymy

Toponymisten fine it dreech om de namme 'Tintagel' te ferklearjen: de namme kin út it Normandysk-Frânsk komme, mar ek út it Kornysk.

De namme dûkt foar it earst op yn Geoffrey fan Monmouth's Historia Regum Britanniae (± 1136, yn it Latyn) as Tintagol. Yn Layamon's Brut (MS Cotton Otho, 482), yn it iere Mids-Ingelsk, wurdt de namme stavere as Tintaieol.

Kening Arthur myte

Yn Geoffrey of Monmouth's Historia Regum Britanniae (± 1136), set Gorlois hartoch fan Cornwall syn frou Igraine fêst yn Tintagol wylst hy op it oarlochspaad is (posuit eam in oppido Tintagol in littore maris: "hy sette har yn it oppidum Tintagol oan de kust fan de see"). De tovener Merlyn ferklaaide Uther Pendragon as Gorlois sadat Uther Tintagol ynkomme koe en him ta Igraine bekende, dy't him foar har man oanseach. Sa sette Uther Kening Arthur by har oan.

Tintagel is ek de lokaasje foar de Arthurmyte yn it gedicht Idylls of the King fan de dichter Alfred, Lord Tennyson .

Tintagel, Trevena en Bossiney

It doarp Tintagel fan no wie earder bekend as Trevena (Kornysk: Tre war Venydh) oant de fêstiging fan it postkantoar Tintagel, mids 19e iuw, har namme oan it doarp joech (oant dan ta wie Tintagel de namme foar de krite en de tsjerklike gemeente (parish).

It doarp hat it 'Old Post Office', dat yn de 14e iuw as manor house boud is. Yn de 19e iuw wie it fyftich jier lang in postkantoar. Al yn 1903 kaam it gebou oan de National Trust.

Skiednis

Yn de Normandyske tiid waard der in lyts kastiel boud yn Bossiney, faaks foar de Domesday-ynspeksje fan 1086; Bossiney en Trevena waarden yn 1253 in borough, kiesdistrikt, fanwege Richard, 1e Hartoch fan Cornwall. It Domesday Book neamt wis twa huzen mei lân en wierskynlik wie der in tredde yn Trethevy). Bossiney (dêr’t Trevena ek ta hearde) waard hierd troch muontsen fan Bodmin fan de Hartoch fan Cornwall: der wie 'lân foar seis ploegen' en 30 acres greide (foar de –Normandyske- Ferôvering hierden muontsen fan Alfwy dit lân). De muontsen fan Bodmin besieten Treknow sels: hja hienen lân foar 8 ploegen en 100 acres weidlân.[1] Tintagel wie ien fan de 17 ‘’Antiqua maneria’’ fan it Hartochdom Cornwall.[2] 19 oktober wie de tradisjonele feestdei yn Tintagel, de feestdei fan St. Denys, patroanhillige fan de kapel fan Trevena (feitlik wie 9 oktober de feestdei, mar nei de kalinderherfoarming fan 1752 is de dei nei foaren skood). De merkhal en it merkplein wienen tichtby de kapel. It kiesdistrikt Bossiney krige om 1552 hinne it rjocht om twa persoanen ôf te furdichjen nei it Parlemint en dat bleaun sa oant 1832 doe’t harren de status fan kiesdistrikt ûntnaam waard. De doarpen Trevena en Bossiney wienen oant begjin 20e iuw noch fan elkoar skieden troch fjild, mar foarmje no tegearre Tintagel. De 'Tithe maps'-kartearringsferkenning fan 1840-41 jout as oerflak fan de parish 4,280 acres, dêr’t 3200 acres fan bou- en weidlân wie. It lânoerflak fan de grutste eigner, Lord Wharncliffe, besloech 1,814 acres, en 125 acres wiene pastorylân. Grutte en gebrûk fan de perselen is sekuer beskreaun wurden.

Op 6 july 1979 wie Tintagel koart yn it nijs doe't in Hawker Hunter strieljager fan de RAF yn it doarp delstoarte troch in motorsteuring[3]. It ûngemak feroarsake flink wat skea en opskuor, mar der foelen gjin deaden.

Befolkingsstatistyk en histoaryske feiten binne ek te finen op of Britain statistics, 2009-03-21 www.visionofbritain

Treknow is de grutste fan de oare plakken yn de parish, dy’t fierders bestiet út Trethevy, Trebarwith, Tregatta and Trenale.

Tsjerken

In karút

De parishtsjerke fan Tintagel

De Anglikaanske tsjerke fan Tintagel op in hichte bûten it doarp
Ynterieur Anglikaanske tsjerke

De St Materiana-tsjerke is Anglikaansk en waard boud yn de Normandyske tiid (de toer yn de lette midsiuwen). Nikolaus Pevsner (yn 1950) is net wis oer dy datearring en ornearre dat it gebou Saksyske skaaimerken hawwe kin, wylst de toer út de 13e of 14e iuw wêze kin.[4][5][6] It gebou stiet op in hichte besuden Trevena and Tintagel en is in beskerme monumint.[7] De earste tsjerke op dat plak wie wierskynlik 6e-iuwsk en wie in dochtertsjerke fan Minster: dizze beide tsjerken binne de ienichste dy’t oan Materiana wijd binne. Dizze hillige soe Madryn, prinses fan Gwent west wêze.[8] De tsjerke fan no is ú de lette 11te / iere 12e iuw: de toer is sa’n trije iuwen jonger en waard restaurearre yn 1870 troch Piers St Aubyn. It oargel is twaris fan plak feroare en de glês-yn-lead-ruten binne ek frijwat nij; St Materiana, St George en St Piran binne dêryn ôfbyld. It ynterieur hat trije kopyen fan Alde Masters en in Romeinske mylstien, ien fan de twa yn Cornwall. De toer hat leafst seis klokken dy’t getten binne tusken 1735 en 1945. Yn 1990-91 is der archeologysk ûndersyk dien op it tsjerkhôf.[9][10] It oarlochsmonumint fan de gemeente, mei in krús út 1910, stiet op de westein fan it hof (sjoch foto's.

Metodistetsjerken

Metodistetsjerke Tintagel

De Metodistetsjerke hat kapellen yn Trevena & Bossiney. Earder wiene der noch mear fan Metodistesekten (Wesleyanen, Bibel Kristenen) yn Trenale en Trewarmett: it Metodiste tsjerkhôf is yn Trewarmett. Ìt Wesleyaanse Methodisme yn Tintagel begûn yn 1807 yn Trenale en krige de neikommende 60 jier in protte oanhing, benammen ûnder it earmere part fan de befolking. Ferskate sekten wienen ek fertsjintwurdige yn Tintagel: der waarden kapellen boud yn Trevena (1838) en Bossiney (1860). De ferskate metodistesekten gienen wer byinoar yn 1907 en 1932. Mary Toms, in Bibel Kristen út Tintagel evangelisearre op it eilân Wight.

Roomsk-katoliketsjerke

De katolike tsjerke is wijd oan de apostel Paulus, dy’t yn de tsjerke yn in mozayk fan 30.000 stientsjes ôfbyld is. Jannewaris 2008 fierde de tsjerke har 40e jierdei en krige it in moderne ferzje fan Leonardo da Vinci syn 'Lêste Jûnsmiel', makke troch de lokale keunstner Nicholas St John Rosse. It keunstwurk krige ynternasjonaal omtinken fanwege de moderne klean fan de apostels en it model stean fan pleatslike minsken foar de apostels. Minsken út in protte lannen komme nei Tintagel om de nammen te lêzen fan harren poppen, dy’t stoarn binne troch miskream, deaberte of oare oarsaken. De nammen wurde byholden yn it Miscarriage & Infant Loss Memorial Book dat yn dizze tsjerke bewarre wurdt.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Thorn, C. et al. (eds.) (1979) Cornwall. Chichester: Phillimore; entry 4,13
  2. Hatcher, John (1970) Rural Economy and Society in the Duchy of Cornwall 1300-1500. Cambridge University Press ISBN 0521085500
  3. http://www.tintagelweb.co.uk/Tintagel%20Plane%20Crash.htm
  4. Pevsner, N. (1970) Cornwall, 2nd ed. Penguin Books; p.219
  5. Sedding, Edmund H. (1909) Norman Architecture in Cornwall: a handbook to old ecclesiastical architecture. London: Ward & Co.; pp. 382-388
  6. Cornish Church Guide (1925) Truro: Blackford; p. 203-206
  7. TintagelWeb.co.uk
  8. Canner, A. C. (1982) The Parish of Tintagel. Camelford: A. C. Canner, pp. 5-6
  9. Nowakowski, Jacqueline A.; Charles Thomas (1990) Excavations at Tintagel Parish Churchyard ... interim report. Truro: Cornwall Archaeological Unit
  10. Nowakowski, Jacqueline A.; Thomas, Charles (1992) Grave News From Tintagel: an Account of a Second Season of Archaeological Excavations at Tintagel Churchyard ... Truro: Cornwall Archaeological Unit

This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.