Tinkteken foar Mâl Hynder Crazy Horse Memorial | ||
bouwurk | ||
In model fan wat it byld úteinlik wurde moat, mei op 'e eftergrûn it wiere wurk yn útfiering. | ||
lokaasje | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Súd-Dakota | |
county | Custer County | |
koördinaten | 43°50′7″ N 103°37′17″ W | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | tinkteken | |
boujier | fan 1948 ôf | |
oare ynformaasje | ||
hichte | 172 m | |
lingte | 195 m | |
offisjele webside | ||
crazyhorsememorial.org | ||
kaart | ||
Lokaasje fan it tinkteken yn Súd-Dakota
|
It Tinkteken foar Mâl Hynder (Ingelsk: Crazy Horse Memorial) is in reuseftich byldhouwurk dat yn 'e Black Hills, yn 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota, út in rotsheuvel houd wurdt, yn neifolging fan it Mount Rushmore-monumint, dat de hollen fan fjouwer Amerikaanske presidinten werjout. It moat in ôfbyld wurde fan Mâl Hynder (Lakota: Tȟašúŋke Witkó, Ingelsk: Crazy Horse; ±1840-1877), in opperhaad fan 'e Oglala-substamme fan 'e Lakota-Sû (Sioux), dy't ferneamd is om syn fûleindich ferset tsjin 'e blanke kolonisaasje fan Yndiaansk lân yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw, en û.m. behelle wie yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn, yn 1876, wêrby't in Yndiaanske koälysje it Amerikaanske leger in ferpletterjende nederlaach tabrocht. It wurk oan it byld sette útein yn 1948, en is no (goed 55 jier letter) noch lang net klear.
De lokaasje fan it tinkteken is Thunderhead Mountain, in rotsheuvel op lân dat yn privee-eigendom is, yn Custer County, tusken de plakken Custer en Hill City yn, op goed 27 km ôfstân fan Mount Rushmore. As it byldhouwurk einlings reekomt, sil it Mâl Hynder ôfbyldzje dy't op in balstjurrich hynder riidt en mei ien hân yn 'e fierte wiist; it sil dan 195 m breed en 172 m heech wêze, en dêrmei nei alle gedachten ek it grutste byldhouwurk fan 'e wrâld. It antlit fan Mâl Hynder, dat al klear is, is 27 m heech; ta ferliking: de gesichten fan 'e presidinten te Mount Rushmore binne mar 18 m heech.
Skiednis
It Tinkteken foar Mâl Hynder waard oarspronklik, yn 1929, besteld troch de Lakota-âldste Henry Standing Bear, as Yndiaanske wjergader fan it krektlyk yn 'e Black Hills úthoude Mount Rushmore-monumint, dat de hollen fan 'e fjouwer presidinten George Washington, Thomas Jefferson, Theodore Roosevelt en Abraham Lincoln werjout. Mâl Hynder waard foar it byld útkeazen om't er as it iennichste Lakota-opperhaad nea de holle foar de blanken bûgd hie (dêr't úteinlik sels de romrofte Sittende Bolle ta twongen west hie). It ûntwerp waard makke troch de Poalsk-Amerikaanske byldhouwer Korczak Ziółkowski, dy't yn 1924 ûnder Gutzon Borglum ek meiwurke hie oan Mount Rushmore. Standing Bear en Ziółkowski ferkenden tegearre de mooglike lokaasjes foar sa'n reuseftich byldhouwurk, en Ziółkowski stelde út om it yn it Tetonberchtme yn Wyoming te meitsjen, om't de stiensoarte dêr gaadliker wie, mar Standing Bear hold fol dat it yn 'e Black Hills wêze moast, dy't foar syn folk hillich binne.
Nei't Thunderhead Mountain as definitive lokaasje útkeazen wie en der ferskate skaalmodellen makke wiene, sette Ziółkowski yn 1948 útein mei it wurk oan it gigantyske byld. Hy makke der syn libbenswurk fan, mar seach nea it resultaat, want by syn dea, yn 1982, wie it noch by lange nei net klear. Pas yn 1998, sechstjin jier letter, kaam it antlit fan Mâl Hynder ree. Nei Ziółkowski syn ferstjerren setten syn widdo Ruth en sân fan syn tsien bern it wurk fuort. Syn dochter Monique Ziółkowski, dy't krekt as har heit byldhouster is, hat har heite plannen sûnt syn dea op beskate punten oanpast om in optimaal resultaat te krijen. Har mem Ruth Ziółkowski stoar op 21 maaie 2014, yn 'e âlderdom fan 87 jier.
It Tinkteken foar Mâl Hynder is in non-profitûndernimming dy't yn 'e hannen is fan 'e Crazy Horse Memorial Foundation (CHMF), in stifting dy't eigner is fan Thunderhead Mountain. It projekt kriget gjin subsydzje of oarsoartige finansjele stipe fan 'e Amerikaanske federale of steatsoerheid. Neffens de ferhalen waard Ziółkowski by twa gelegenheden troch de Amerikaanske autoriteiten in bedrach fan $10 miljoen oanbean, mar sloech er dat oanbod beide kearen ôf, om't er fûn dat belutsenens fan deselde oerheid dy't Mâl Hynder sa fûleindich befochten hie, ôfbrek dwaan soe oan 'e bredere edukative en kulturele doelen fan it projekt.
Finansiering
It Tinkteken foar Mâl Hynder bestiet út it eigentlike byldhouwurk, mar dêrnjonken ek it Yndiaanske Museum fan Noard-Amearika en it Lânseigen Amerikaanske Kultuersintrum. Foar yntree yn dy beide besikerssintra wurdt troch de CHMF in beskieden tagongspriis frege, en dêrnjonken wurdt der jild fertsjinne oan 'e ferskate sûvernirwinkeltsjes (dêr't û.m. stikken fuorthoude rots te keap binne). Yn july wurdt der altyd in evenemint holden wêrby't besikers tsjin betelling Thunderhead Mountain beklimme meie om it byldhouwurk fan deunby te besichtigjen. Dêr komme elts jier wol 15.000 minsken op ôf. Op jierbasis kriget it Tinkteken foar Mâl Hynder yn totaal mear as in miljoen besikers.
It swiere materieel dat foar it projekt brûkt wurdt, is foar in grut diel donearre troch grutte bedriuwen. It eigentlike wurk wurdt foar it meastepart betelle út 'e opbringsten fan 'e besikerssintra en sûvenirswinkels. Yn 2006 sette de CHMF útein mei in lanlike benefytaksje, dêr't guon bykommende saken fan betelle wurde moasten, lykas de bou fan in sliepseal foar de jonge Yndiaanske studinten dy't as stazjêren by it tinkteken wurkje. Fierders wurdt der om 'e safolle tiid ruchtberens oan jûn as der mei springstof grutte dielen fan Thunderhead Mountain fuortblaasd wurde; soks lûkt altyd in grut tal ekstra, op spektakel beluste toeristen. In grut diel fan al it binnenkommende jild wurdt de lêste jierren troch de CHMF ek wer weijûn; sa hat de organisaasje al $1,2 miljoen oan stúdzjebeurzen foar jongerein fan Yndiaansk komôf bydroegen.
Kontroverse
Lang net alle Lakota binne wiis mei it Tinkteken foar Mâl Hynder. Under harren binne bygelyks famyljeleden fan Mâl Hynder, dy't tsjin it hier yn strutsen binne trochdat nimmen harren foar 1948 frege hat wat sy fan it projekt fûnen. Se oppenearje fierders dat Mâl Hynder der bekend om stie dat er him net fotografearje litte woe, en stelle yn it ferlingde dêrfan fragen oer wat it opperhaad dan fan in reuseftich byldhouwurk fan himsels tocht hawwe soe. Oare tsjinstanners binne tradisjoneel ynstelde Lakota, dy't it projekt beskôgje as in ûntwijing fan 'e hillige Black Hills. Sa sei de medisynman John Fire Lame Deer, yn syn autobiografy út 1972: "It hiele idee fan it feroarjen fan in prachtige wylde berch yn in byldhouwurk fan him is lânskipsfersmoarging. It is tsjin 'e geast fan Mâl Hynder." Ek de aktivist en akteur Russell Means kearde him tsjin it projekt, en neamde it "in mislediging fan ús hiele bestean." In bykommend probleem is it feit dat it byld, as it ôf is, mei de wiisfinger foarút wize sil, wylst de Yndiaanske kultuer eins it brûken fan 'e wiisfinger om nei minsken of dingen te wizen ferbiedt, mei't dat beskôge wurdt as ûnbeskoft. Guon tsjinstanners fan it projekt hawwe it sadwaande ferlike mei in byld fan George Washington dy't de middelfinger opstekt.
Keppelings om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |