Tinkteken foar Lincoln
Lincoln Memorial
bouwurk
lokaasje
lân Feriene Steaten
fed. distrikt Distrikt Columbia
plak Washington, D.C.
koördinaten38°53′21,4″ N 77°03′00,5″ E
bysûnderheden
type bouwurktinkteken
boujier19141922
arsjitektHenry Bacon
boustylneoklassisisme
monumintale statusNRHP
en nasjonaal tinkteken
monumintnûmerNRHP 66000030
oare ynformaasje
hichte30 m
lingte57.80 m
breedte36.10 m
oerflak2.539,6 m²
tal ferdjippings1
tal keamers3
kosten$ 300.000
offisjele webside
www.nps.gov/linc
kaart
Tinkteken foar Lincoln (Washington, D.C.)
Tinkteken foar Lincoln

It Tinkteken foar Lincoln (Ingelsk: Lincoln Memorial) is monumint yn 'e Amerikaanske haadstêd Washington, D.C. dat boud is ta eare fan Abraham Lincoln, de sechstjinde presidint fan 'e Feriene Steaten. It Tinkteken foar Lincoln stiet oan 'e westlike ein fan 'e National Mall en waard tusken 1914 en 1922 yn neoklassisistyske boustyl set. It is 24 oeren deis iepen foar besichtiging en is ien fan 'e meast besochte besjensweardichheden yn Washington, mei yn 2019 7,8 miljoen besikers. It Tinkteken foar Lincoln is op 'e noed fan 'e Amerikaanske National Park Service.

Skiednis

Abraham Lincoln wie presidint fan 'e Feriene Steaten fan 1861 oant 1865. Hy stiet derom bekend dat ûnder syn lieding yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch de opstannige Súdlike Konfederearre Steaten fan Amearika ferslein waarden en de slavernij yn it hiele lân ôfskaft waard. Op 14 april 1865, fiif dagen nei de kapitulaasje fan it Suden en koart nei't er mei syn twadde termyn as presidint úteinset wie, waard Lincoln fermoarde troch John Wilkes Booth.

De ynwijingsseremoanje fan it Tinkteken foar Lincoln op 30 maaie 1922. F.l.n.rj.: opperrjochter William Howard Taft, presidint Warren G. Harding en Robert Todd Lincoln.

Al yn 1867 giene der stimmen op om in foechsum tinkteken foar him meitsjen, mar pas nei de iuwwiksel waard dêr troch it Amerikaanske Kongres wurk fan makke. Uteinlik waard yn 1910 in kommisje (de Lincoln Memorial Commission) ynsteld om te ûndersykjen hoe't soks it bêste oanpakt wurde koe. Yn 1913 kaam dy kommisje mei in oanrikkemandearring oangeande ûntwerp en plak, en datselde jiers gie it Kongres dêrmei akkoart en stelde foar de bou $300.000 beskikber. Op 12 febrewaris 1914 waard mei de bou fan it Tinkteken foar Lincoln úteinset mei in seremoanje, wêrnei't in dei letter it eigentlike wurk begûn. De bou rûn fertraging op troch tekoarten oan boumateriaal dêr't de Feriene Steaten ûnder de Earste Wrâldoarloch mei te krijen hiene, en ek holp net dat der noch yn 1920 feroarings oan it oarspronklike ûntwerp oanbrocht waarden.

Sadwaande duorre it oant 30 maaie 1922 ear't it tinkteken ynwijd wurde koe troch de eardere Amerikaanske presidint William Howard Taft, dy't op dat stuit de opperrjochter fan it Amerikaansk Heechgerjochtshôf wie. Neitiid bea hy it monumint oan 'e doetiidske presidint oan, Warren G. Harding, dy't it út namme fan it Amerikaanske folk oannaam. By de ynwijings- en oanbiedingsseremoanje wie de doe 78-jierrige Robert Todd Lincoln oanwêzich, de iennichste noch libjende soan fan 'e presidint. Teffens wiene lieders fan 'e Afro-Amerikaanske mienskip útnûge, dy't lykwols by oankomst ûntdieken dat sy sitplakken yn in segregearre seksje ûnder bewekking fan leden fan it Amerikaansk Marinierskorps tawiisd krigen.

Beskriuwing

Lokaasje

It Tinkteken foar Lincoln stiet yn it sintrum fan Washington, D.C., deun by de igge fan 'e rivier de Potomac. It gebou ferankeret de westlike útein fan 'e National Mall, in parkeftige stripe lân dy't fia de reuseftige obelisk fan it Washington Monumint nei it easten rint om úteinlik út te kommen by it Amerikaanske Kapitoal. Foar it Tinkteken foar Lincoln leit de langwerpige Wjerkeatsingsfiver fan it Tinkteken foar Lincoln, dy't oer de National Mall hast oan it Washington Monumint ta rint.

In detail fan 'e fries fan it Tinkteken foar Lincoln.

Bûtenkant

Op boukundich mêd waard it Tinkteken foar Lincoln ûntwurpen troch arsjitekt Henry Bacon. Syn gebou, dat yn neoklassisistyske styl oplutsen waard fan moarmer út in stiengat yn Colorado, galmet in Grykske timpel út 'e Klassike Aldheid nei. It tinkteken hat in rjochthoekige foarm mei in lingte fan 57.80 m by in breedte fan 36.10 m by in hichte fan 30 m.

It wurdt omjûn troch in pyldergong fan 36 kannelearre Doaryske pylders, ien foar elts fan 'e 36 Amerikaanske steaten dêr't it lân by de dea fan Lincoln út bestie, mei dêropta twa pylders dy't by de yngong it dak fan 'e iepene, middelste keamer skoarje. De 38 pylders binne 13 m heech mei oan 'e basis in diameter fan 2.30 m. Allegear binne se boud út tolve opsteapele stikken, wêrfan't it boppeste in kapiteel omfettet. De pylders lynje allegear in hiel lyts bytsje nei binnen ta; dat is om foar te kommen dat it troch gesichtsbedroch lykje soe as wie it tinkteken fan boppen grutter as fan ûnderen.

Utsicht oer de Wjerkeatsingsfiver op it Tinkteken foar Lincoln.

Boppe de pyldergong binne op 'e fries de mei fersierings omjûne nammen fan 'e 36 Amerikaanske steaten út 1865 ynkurven en de data fan harren talitting ta de Amerikaanske Uny. Dit reliëfwurk waard útfierd troch byldhouwer Ernest C. Bairstow.

It Tinkteken foar Lincoln is ferankere yn in fûnemint fan beton fan 13 oant 20 m djip, dat sels wer omjûn wurdt troch in 4.30 m hege kearmuorre, dy't oan 'e foar- en efterkant fan it gebou 78 m lang is en oan 'e sydkanten 57 m. De mei gers en strewelleguod begroeide sljochte grûn dêr wer omhinne is rûn fan foarm en wurdt de Lincoln Memorial Circle neamd. Oan 'e eastkant fan it tinkteken klimme brede treppens op nei it gebou. Se begjinne oan 'e igge fan 'e Wjerkeatsingsfiver en liede dêrwei omheech, earst nei de Circle, en dêrnei, ôfwiksele mei in rige plato's, nei it tinkteken sels. It lêste ein wurde se flankearre troch muorren fan 3.40 m hichte fan rôze moarmer út Tennessee.

Binnenkant

Fan binnen is it Tinkteken foar Lincoln ferdield yn trije keamers troch twa rigen fan elts fjouwer Ioanyske pylders mei in hichte fan 15 m en in diameter (oan 'e basis) fan 1.70 m. De sintrale keamer is 22.55 m lang, 18.30 m breed en ek 18.30 m heech. Op in sintraal plak tsjin 'e eftermuorre oan is in reuseftich byld sitewearre fan in sittende Abraham Lincoln op in troan, dy't yn prakkesaasjes wei útsjocht oer de Wjerkeatsingsfiver, dat út nei it Washington Monumint.

It byld waard ûntwurpen troch byldhouwer Daniel Chester French en waard oer in perioade fan fjouwer jier ûnder syn tafersjoch úthoud troch de bruorren Piccirilli. It is makke fan wyt moarmer út Georgia en weaget 159 ton. It mjit 5.80 fan top ta tean en soe 8.50 m heech wêze as it in steande Lincoln wie. It byld rêst op in rjochthoekich fuotstik fan moarmer út Tennessee dat 4.90 m lang, 5.20 m breed en 3 m heech is, mei dêrûnder in platfoarm fan moarmer út Tennessee mei in lingte fan 10.50 m, in breedte fan 8.50 m en in hichte fan 17 sm.

It byld fan Abraham Lincoln yn 'e middelste keamer fan it Tinkteken.

Boppe it byld waard troch Royal Cortissoz it folgjende grêfskrift oanbrocht:

In this temple
as in the hearts of the people
for whom he saved the Union
the memory of Abraham Lincoln
is enshrined forever.
("Yn dizze timpel
krektlyk as yn 'e herten fan it folk
foar wa't er de Uny rêde
wurdt de neitins oan Abraham Lincoln
foar ivich bewarre.)

De muorreskilderings op 'e rest fan 'e wanden waarden oanbrocht troch Jules Guerin. Yn 'e beide sydkeamers oan 'e noard- en súdkant fan it tinkteken, dy't inkeld iepen binne nei de middelkeamer ta, binne de wanden ynkurven mei teksten út twa ferneamde taspraken fan Lincoln: syn twadde ynaugurele rede en de saneamde Gettysburg Address. Dy ynskripsjes en de omjaande fersierings binne it wurk fan Evelyn Beatrice Longman.

It binnenste fan 'e middelste keamer.

Krocht

Under de trije keamers fan it Tinkteken foar Lincoln befynt him in krocht, dêr't har troch siperwetter dat troch it kalsiumkarbonaat fan it moarmer hinne lekt, stalaktiten en stalagmiten foarme hawwe. By de bou is dêr ek graffity op 'e wanden skrast troch de boufakkers. De National Park Service (NPS) beskôget dat as histoarysk en hearrend by it monumint. Yn 'e 1970-er en 1980-er jierren waarden der geregeldwei rûnliedings troch de krocht jûn, in praktyk dêr't lykwols yn 1989 abrupt in ein oan kaam doe't in besiker de NPS derop wiisde dat by de bou fan 'e krocht (kankerferwekjend) asbest brûkt is.

Monumintale status

It Tinkteken foar Lincoln hat in dûbele monumintale status. Yn it foarste plak is it sûnt de ynwijing yn 1922 in nasjonaal tinkteken fan 'e Feriene Steaten. Op 15 oktober 1966 waard it fierders opnommen yn it Amerikaanske Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken (NRHP).

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


This article is issued from Wikipedia. The text is licensed under Creative Commons - Attribution - Sharealike. Additional terms may apply for the media files.